Springe nei ynhâld

Nico Onkenhout

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 apr 2024 om 19.05 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Fotogalerij)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nico Onkenhout
keunstner
Onkenhout oan 't wurk mei it oarlochsmonumint by Dokkumer Nije Silen (ûnder Kollumerpomp)
Onkenhout oan 't wurk mei it oarlochsmonumint by Dokkumer Nije Silen (ûnder Kollumerpomp)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicolaas Hendrik Onkenhout
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 maaie 1918
berteplak Amsterdam
stoarn 5 febrewaris 1989
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as byldhouwer,
medaljeur
jierren aktyf 1945-1989
Oarlochsmonumint (1950) ûnder Dokkumer Nije Silen

Nicolaas Hendrik (Nico) Onkenhout (Amsterdam, 29 maaie 1918 - Amsterdam, 5 febrewaris 1989) wie in Nederlânske byldhouwer en medaljeur.[1]

Onkenhout studearre byldhoukeunst by Jan Bronner oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten (1937-1944) yn Amsterdam. Yn de Twadde Wrâldkriich dûkte er ûnder; yn 1944 siet er yn de gemeente Kollumerland c.a.. Nei de oarloch makke er seis monuminten, ien dêrfan foar de gemeente Kollumerlân. Syn meast ferneamde wurk is in brûnzen byld fan Dik Trom út 1973, mei Trom omkeard op in dôfhûdige ezel.

Naast byldhouwer wie Onkenhout ek warber as medaljeur. Hy makke ûnder mear in peinje by gelegenheid fan de iepening fan it haadkantoar fan Assurânsjemaatskippij 'De Zeven Provinciën' yn De Haach (1960). Hy wie lid fan Arti et Amicitiae en de Beropsferiening fan Byldzjende Keunstners.

Wurk yn de iepenbiere romte (kar út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amsterdam

  • ? Heilige vlam, monumint oan de Ringdyk foar seis yn de maaiedagen 1940

dearekke brânspuiters

  • 1955 gevelreliëf Het gezin
  • 1957 Seelânbank

Assen

  • 1984 Jan de Stoter

De Haach

Hoofddorp

De Jouwer

  • ± 1950 oarlogsmonumint by de NH-tsjerke

Kollumerpomp

  • 1950 Ald Fears Erf, Wy Weitsje Oer Dij (fersetsmonumint)

De Lemmer

  • 1955 gevelreliëf Har dea us frijdom 1940-1945 (oarlochsmonumint)

Meppel

  • Jakob en de ingel

Ter Aar

  • 1950 Oarlochsmonumint

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje