Universiteit fan Jena
Appearance
Universiteit fan Jena | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | Friedrich-Schiller-Universität Jena | |
Latynske namme | Universitas Litterarum Jenensis | |
Biedwurd | ||
Lokaasje | ||
Lân | Dútslân | |
Plak | Jena | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | Iepenbiere universiteit | |
Oprjochting | 1558 | |
Rektor | Klaus Dicke | |
Tal studinten | 19.664 (2012) | |
Tal meiwurkers | 6.979 | |
Netwurken | Coimbragroep | |
Offisjele webside | ||
www.uni-jena.de |
De Friedrich-Schiller-Universität Jena is in Dútske universiteit yn de stêd Jena, lid fan de Coimbragroep.
De universiteit waard stichte yn 1558 en sit by de tsien âldste universteiten fan Dútslân. Seis fan syn meiwurker hawwe in Nobelpriis wûn, de lêste wie Herbert Kroemer dy't yn 2000 de Nobelpriis foar Natuerkunde wûn. De universiteit is sûnt 1934 ferneamd nei de dichter Friedrich Schiller dy't dêr professor yn de skiednis wie om 1800 hinne doe't Jena in soad ynfloedrike learde geasten luts. Mei in Karl Leonhard Reinhold, Johann Gottlieb Fichte, G. W. F. Hegel, F. W. J. Schelling en Friedrich von Schlegel as dosinten, wie de universiteit in sintrum fan it Dútsk idealisme en de iere Romantyk dat yn dy tiid opgong makke.
Fakulteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Teology
- Filosofy
- Rjochtsgeleardheid
- Ekonomy en administraasje
- Sosjale en gedrachswittenskippen
- Wiskunde en ynformatika* Fysika en astronomy
- Skiedkunde en ierdwittenskippen
- Biology en farmasy
- Genêskunde
Bekende alumny
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eva Ahnert-Rohlfs, astronoom
- Ernst Gottfried Baldinger, fysikus
- Gottfried Benn, essayist en dichter
- Hans Berger, psychiater en neurowittenskipper
- Alfred Brehm, soölooch en ornitolooch
- Rudolf Carnap, filosoof
- Nathan Cobb, soölooch
- Georg Friedrich Creuzer, filolooch en archeolooch
- Gottlob Frege, wiskundige en filosoof
- Roland Freisler, rjochter en politikus
- Johann Matthias Gesner, klassikus
- Nelson Glueck, rabbyn en archeolooch
- Peter Griess, skiekundige en pionier fan de organyske skiekunde
- Friedrich von Hagedorn, dichter
- Gerhart Hauptmann, toanielskriuwer
- Cuno Hoffmeister, astronoom
- Ján Kollár, skriuwer, argeolooch, politikus en ideologist
- Karl Christian Friedrich Krause, filosoof
- Gottfried Leibniz, wiskundige en filosoof
- August Leskien, taalkundige
- Karl Marx, tinker en filosoof
- Axel Oxenstierna, steatsman
- Samuel von Pufendorf, rjochtsfilosoof, polityk tinker en histoarikus
- Arthur Schopenhauer, filosoof
- Hugo Schuchardt, taalkundige
- Johann Gustav Stickel, teolooch, oriïntalist en numismatikus
- Kurt Tucholsky, skriuwer, kollumnist en sjoernalist
- Christa Wolf, skriuwster
- Christian Wolff, filosoof en rjochtsgelearde