Callantsoog
Callantsoog | ||
Tsjerke fan Callantsoog | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Skagen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.400 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 1751, 1753, 1756, 1759, 1761, 1787–1788 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 49' 59" NB, 4° 42' 0" EL | |
Offisjele webside | ||
www.callantsoog-info.nl | ||
Kaart | ||
Callantsoog is in doarp yn 'e gemeente Skagen yn 'e provinsje Noard-Hollân. It plak leit oan 'e kust en is bekend by in soad toeristen. Oant 1 jannewaris 1990 wie Callantsoog noch in selsstannige gemeente.
Callantsoog hat 2.400 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar safier bekend waard it doarp as Callinge foar it earst yn 920 neamd as besit fan it kleaster yn Egmond. De skiednis fan it doarp giet dus al mear as tûzen jier werom.
Troch de floed en it feroarjen fan 'e dunen wie de lokaasje oant yn 'e Nije tiid nuodlik. It doarp hat in skoft op in eilân lein en waard doe Callinghe op ’t Oghe neamd. Sûnt de 16e iuw wie it doarp gjin eilân mear, mei't yn dy tiid in dyk oanlein waard, dy't it doarp mei it fêstelân by Petten ferbûn. It eardere doarp lei likernôch 3-4 km foar de hjoeddeiske kust en gie yn 1570 mei de Alderheljenfloed ferlern.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Callantsoog is hjoed-de-dei in populêr toeristeplak foar fral Dútsers en Nederlanners. It doarp hat hotels, in VVV, fakânsjehûzen, campings en fakânsjeparken. Ek binne der ferskillende restaurants en winkels. Fuort efter de dunen leit it strân, dat oer fjouwer paden tagonklik is. Callantsoog stiet ek bekend fanwegen it naturistestrân, dat yn 1973 it earste naturistestrân fan Nederlân wie. Oarspronlik wie it naturistestrân 370 m lang, mar yn 'e jierren nei 1973 is it mei 2.300 m hjoed-de-dei ien fan 'e grutste strannen dêr't neakenrekreaasje mooglik is.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldste gebou fan it doarp is de Herfoarme tsjerke. De tsjerke besit in klok dy't yn 1491 getten waard.
Tante Jaantje is it streekmuseum. It is ûnderbrocht yn in Westfryske stolp fan mear as 100 jier âld. Oarspronklik stiene der 13 fan sokke pleatsen yn it doarp. Yn 'e Twadde Wrâldkriich baarnde ien fan 'e lêste doarpspleatsen ôf. De op ien nei lêste pleats waard yn 1946 ôfbrutsen en sa bleau allinne de pleats fan tante Jaantje oer. It museum lit it boerelibben fan doe sjen en fierder argelogyske fynsten (dy't gearhingje mei de Britsk-Russyske ynfaazje yn Nederlân, 1799) en saken dy't mei it strân en de see te meitsjen ha.
Súd fan it doarp stiet 'De Zwaan', in lyts spinnekopmûntsje, dat tusken 1991 en 1994 boud waard.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súd fan it doarp is it natoergebiet Zwanewater.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Skagen | ||
---|---|---|
Stêd: Skagen | ||
Doarpen: Burgerbrug • Callantsoog • Dirkshorn • Eenigenburg • Groenveld • Krabbendam • Oudesluis • Petten • 't Rijpje • Skagerbrêge • Schoorldam (foar in part) • Sint Maarten • Sint Maartensbrug • Sint Maartensvlotbrug • Sint Maartenszee • Stroet • Tjallewal • Tuitjenhorn • Valkkoog • Waarland • Warmenhuizen • 't Zand | ||
· · |