Amsterdamske Tiid
De Amsterdamske Tiid, of Nederlânske tiid, wie de tiidsône fan Nederlân tusken 1909 en 1940. Dy tiid rûn 20 minuten foar op de Greenwich Mean Time.
Foar 1909 ferskilde de tiid yn Nederlân fan plak ta plak. Sa wie it yn easten yn dy tiid oer it algemien letter as yn it westen. Yn 1909 waard dêr in ein oan makke en krige Nederlân syn eigen nasjonale tiid. Dy waard lyk steld oan de pleatslike trochsnee tiid fan Amsterdam. Dat is die fan Westertoer (4°53'01,95"O).
Dy tiid rûn oant 17 maart 1937 ta 19 minuten foar op de Koördinearre Wrâldtiid (UTC +0-oere 19-minuten, 32,13 sekonden). Dêrnei waard dat feroare ta 20 minuten. Dy nije tiid waard ek wel Loenenske Tiid of Garkumske Tiid neamd, omdat er de trochsnee tiid fan Loenen en Garkum is.
As it yn Nederlân 12 oere wie, wie it yn Londen 11:40 oere en yn Berlyn 12:40 oere.
Mei de besetting yn de Twadde Wrâldkriich fierden de Dútsers de Dútske Tiid (GMT+1) yn Nederlân yn. Nei de kapitulaasje fan Dútslân yn 1945 is de klok net weromset.
Mei âlde sinnewizers falt it tiidsferskil tusken de pleatslike en dy Dútske tiid noch goed út te rekkenjen.