Springe nei ynhâld

Avengers: Age of Ultron

Ut Wikipedy
Avengers: Age of Ultron
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joss Whedon
produsint Kevin Feige
senario Joss Whedon
basearre op The Avengers fan Stan Lee
   en Jack Kirby
kamerarezjy Ben Davis
muzyk Brian Tyler
Danny Elfman
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Robert Downey jr.
Chris Evans
Mark Ruffalo
Chris Hemsworth
Scarlett Johansson
Jeremy Renner
byrollen James Spader
Elizabeth Olsen
Aaron Taylor-Johnson
Paul Bettany
Cobie Smulders
Samuel L. Jackson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 april 2015
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 141 minuten
budget en resultaten
budget $444 miljoen
opbringst $1.402,8 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Guardians of the Galaxy
● folgjend diel Ant-Man

Avengers: Age of Ultron is in Amerikaanske superheldefilm út 2015 ûnder rezjy fan Joss Whedon, mei yn 'e haadrollen Robert Downey jr., Chris Evans, Mark Ruffalo, Chris Hemsworth, Scarlett Johansson en Jeremy Renner. De titel betsjut "Wrekers: It Tiidrek fan Ultron". De film is basearre op 'e strip mei deselde namme fan Stan Lee en Jack Kirby, en foarmet it alfde diel út 'e filmrige fan it Marvel Cinematic Universe. It is it direkte ferfolch op The Avengers, út 2012. It ferhaal folget in groep superhelden, ûnder wa Iron Man, Captain America, de Hulk en de healgod Thor, as se it opnimme moatte tsjin in meunster dat se sels kreëarre hawwe: de keunstmjittige yntelliginsje Ultron, dy't de minskheid útrûgje wol. Avengers: Age of Ultron krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en woeks yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Der waarden neitiid noch twa direkte ferfolchfilms makke: Avengers: Infinity War (2018) en Avengers: Endgame (2019).

De Avengers (Tony Stark alias Iron Man, Steve Rogers alias Captain America, Bruce Banner alias de Hulk, de healgod Thor, Natasha Romanoff alias Black Widow en Clint Barton alias Hawkeye) fiere yn it (fiktive) Eastjeropeeske lân Sokovia in oanfal út op in fasiliteit fan 'e kriminele organisaasje Hydra. Dêr binne baron Wolfgang von Strücker en dr. List dwaande mei eksperiminten op minsken, wêrfoar't se gebrûk meitsje fan 'e Tesseract, in machtige enerzjyboarne fan ûnbekend potinsjeel dy't earder troch Thor syn healbroer Loki as syn skepter brûkt waard (sjoch: The Avengers).

Fan dejingen dy't de proeven ûndergien hawwe, binne mar twa yn libben bleaun: de twilling Pietro en Wanda Maximoff. Pietro beskikt troch de eksperiminten oer boppeminsklike faasje, wylst syn suster Wanda telepatyske en telekinetyske fermogens krigen hat. Yn 'e striid bringt Pietro Hawkeye in slimme ferwûning ta, wylst Wanda de geast fan Iron Man ynkringt en him in mooglike takomst belibje lit wêryn't de oare Avengers omkommen binne troch in nije bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde. Wylst Captain America Strücker yn 'e hechten nimt, stelt Iron Man de Tesseract feilich. De twilling ûntkomt. Hawkeye wurdt by dokter Helen Cho brocht, in Súdkoreaanske fysiologe dy't him genêst fan syn wûnen mei har baanbrekkende weefselgenerearjende technology.

Dreaun troch syn fizioen fan 'e takomst bepraat Stark (Iron Man) Bruce Banner om him te helpen in keunstmjittige yntelliginsje te ûntdekken dy't neffens him ferskûle sit yn 'e ealstien dy't de enerzjyboarne fan 'e Tesseract foarmet. De beide mannen hâlde harren aktiviteiten op inisjatyf fan Stark geheim foar de oare Avengers, om't er wit dat de oaren net of net allegearre akkoart gean sille mei syn plan om 'e keunstmjittige yntelliginsje út 'e Tesseract te brûken om syn wrâldferdigeningsprogramma Ultron oan te driuwen. It geheime ûndersyk hat jammerdearlike konsekwinsjes as der ûnferwachts in trochbraak plakfynt as Stark en Banner net yn it laboratoarium oanwêzich binne. De yntegraasje fan 'e keunstmjittige yntelliginsje en it wrâldferdiginingsprogramma foarmet in selsbewuste masine (Ultron) dy't it doel fan Stark, om foar frede op 'e Ierde te soargjen, opfettet as in opdracht om 'e minskheid út te rûgjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ultron eliminearret J.A.R.V.I.S., de keunstmjittige yntelliginsje dy't fungearret as Stark syn majordomo anneks bedriuwslieder, en falt dan de Avengers oan yn harren haadkertier. Hja witte him te ferjeien, mar Ultron naait út mei de Tesseract nei Strücker syn basis yn Sokovia, dêr't er himsels in better roboatysk lichem oanmjit en teffens in leger fan robots produsearret. Hy deadet Strücker yn dy syn finzenissel om't er tefolle wit, en rekrutearret de Maximoff-twilling as syn trewanten. Dat is maklik genôch om't dyselden Stark ferantwurdlik hâlde foar de dea fan harren âldelju troch wapens dy't yn syn fabriken produsearre wiene.

De Avengers beseffe dat Strücker wat wist dat Ultron geheim hâlde woe. Mei't Ultron de hiele database fan 'e Avengers wiske hat, nimme se harren taflecht ta papierren dossiers oer Strücker, wêryn't se in konneksje ûntdekke tusken de baron en in Súdafrikaanske wapenhanneler dy't Ulysses Klaue hjit. Dyselde hannelet ek yn fibranium, it hurdste metaal fan 'e wrâld, dêr't û.m. it skyld fan Captain America fan makke is. As se de basis fan Klaue yn 'e neite fan Jehannesburch binnenkringe, ûnderbrekke se dêr it hantsjebakken fan Ultron en Klaue oer in foarrie fibranium. De Avengers besykje de oerdracht fan it metaal foar te kommen, mar se wurde oanfallen troch Ultron syn robots en de Maximoff-twilling.

Wanda wit Captain America, Black Widow en Thor út te skeakeljen troch harren mei har telepatyske fermogen yn aaklike fizioenen te beheljen. Hawkeye, dy't earder alris geastlik beset west hat, is har te slim ôf, mar Banner trapet deryn en feroaret yn de Hulk, dy't mâltjirgjend en ferwoastgjend losgiet op 'e binnenstêd fan Jehannesburch. Mei't Black Widow, dy't fereale is op Banner, as iennichste de Hulk delbêdzje kin, falt it nei har útskeakeling oan Iron Man ta om it griene meunster mei geweld tsjin te kearen foar't er in bloedbad oanrjochtet. Tsjin 'e tiid dat him dat mei syn spesjaal ûntwurpen anty-Hulk-bepânsering slagget, leit in grut diel fan Jehannesburch yn pún. Neitiid ûntstiet der grutte en wrâldwide ferûntweardiging oer de ferwoastgings. Banner skammet himsels dea en beslút dat hysels net geskikt is foar dielname oan in beskaafde maatskippij, om't er gjin selsbehearsking hat as er de Hulk is.

Hawkeye nimt de oare leden fan it team mei nei syn boerespultsje op it Amerikaanske plattelân, dêr't se ferwolkomme wurde troch syn frou Laura, dy't op alle dagen rint, en syn beide jonge bern. Thor set ôf om mei natuerkundige Erik Selvig te oerlizzen oer de apokalyptyske takomst dy't er yn syn fizioen sjoen hat. Underwilens ferskynt op 'e pleats Nick Fury, it âlde haad fan S.H.I.E.L.D., it no ophefte agintskip dêr't de Avengers oarspronklik foar wurken. Hy praat op it team yn, dat se har ûnderlinge skelen farre litte en ynstee fan inoar ferwiten te meitsjen in plan betinke om Ultron tsjin te hâlden.

Underwilens bejout Ultron him nei Seoel, dêr't er dokter Helen Cho troch it gebrûk fan 'e Tesseract oan him ûnderwerpt. Dêrnei lit er har it fibranium kombinearje mei har weefselgeneraasjetechnyk en de ealstien fan 'e Tesseract om in nij, frijwol ûnferwoastber, lichem foar himsels te meitsjen. De Avengers ûntdekke wêr't Ultron is, en Captain America, Black Widow en Hawkeye reizgje nei Seoel om him tsjin te hâlden en dokter Cho te rêden. As de ûngeduldige Ultron (foartidich en om 'e nocht) besiket om himsels nei syn nije lichem te uploaden foar't dat dêr ree foar is, kin Wanda Maximoff foar it earst syn tinzen lêze, eat dat se by minsken altyd kin. Sa ûntdekt se syn plannen om 'e minskheid út te rûgjen, wêrnei't sy en har broer harren tsjin him keare. Ultron ûntkomt mei de medyske kokon mei syn nije lichem wylst Captain America arrivearret om it, mei help fan 'e Maximoffs, tsjin syn robots op te nimmen. Black Widow en Hawkeye witte de kokon mei it syntetyske lichem te stellen, mar dêrby wurdt Black Widow finzennommen troch Ultron.

Wanda Maximoff warskôget Captain America dat Tony Stark op 'e nij besykje sil om in frijwol almachtige keunstmjittige yntelliginsje te kreëarjen, mei't dat yn syn tinken no it meast foar de hân leit. Captain America nimt de Maximoffs mei nei it haadkertier fan 'e Avengers dêr't Stark yndie dr. Banner wer bepraat hat om him te helpen. It docht bliken dat J.A.R.V.I.S. net folslein ferneatige wie troch Ultron, mar himsels yn brokjes en bytsjes yn oare kompjûterprogramma's ferskûle hie en op dy manear û.m. de lansearkoades fan it wrâldwide arsenaal fan nukleêre wapens (troch de koades oanhâldend te feroarjen) bûten berik fan Ultron holden hat. Stark hat J.A.R.V.I.S. no op 'e nij gearstald en upload him yn it syntetyske lichem dat dr. Cho makke hat. Captain America, Hawkeye en de Maximoffs besykje him tsjin te kearen, wylst Banner wifket hokker kant oft er kieze moat. It skeel wurdt besljochte as Thor weromkeart en it syntetyske lichem troch in wjerljochtslach aktivearret.

Neitiid leit Thor út dat neier ûndersyk fan syn fizioen him yn oerlis mei dr. Selvig ta de oertsjûging brocht hat dat de ealstien út 'e Tesseract de fjirde fan 'e seis Uneinichheidsstiennen is, de machtichste foarwerpen dy't besteane. J.A.R.V.I.S. yn syn syntetyske lichem, dy't omreden fan Thor syn fizioen 'Vision' neamd wurdt, wit it fertrouwen fan 'e Avengers te winnen troch Mjölnir, de hammer fan Thor op te tillen, wat inkeld dyselden kinne dy't folslein weardich binne (wat de rest fan it team blykber net is).

De Avengers sette mei Vision en de Maximoffs ôf nei Sokovia, dêr't Ultron de rest fan syn fibranium brûkt hat om in masine te bouwen dy't in diel fan 'e haadstêd mei ûndergrûn en al lostilt fan 'e Ierde en omheech draacht, de loft yn. Hy is fan doel om 'e stêd fan kilometers hichte as in soarte fan eigenmakke asteroïde wer op 'e Ierde delploffe te litten, sadat de minskheid útrûge wurdt krekt sa't earder mei de dinosauriërs bard is. Banner rêdt Black Widow út in tichthûs ûnder it robotfabryk fan Ultron. Hja ferklearret him har leafde, mar smyt him dan yn it gat dat de opstigende stêd efterlitten hat yn 'e Ierde, om't se op it stuit net ferlet hat fan himsels mar fan 'e Hulk.

De Avengers, Vision en de Maximoffs nimme it op tsjin Ultron syn leger fan robots. Wylst Iron Man in manear besiket te betinken om 'e stêd delkomme te litten sûnder negative gefolgen foar de hiele minskheid, rêde de oaren de bewenners fan 'e opstigende stêd. Fury en syn ûnderbefelhawwer Maria Hill ferskine mei de 'Fleandekkopter' fan S.H.I.E.L.D., in reuseftich fleanend fleandekskip, en se hawwe superheld War Machine meibrocht om it skip tsjin 'e robots fan Ultron te ferdigenjen. De Avengers evakuëarje de stedsbewenners nei de Fleandekkopter. Hawkeye rêdt in lyts jonkje dat yn 'e gaos fan 'e evakuaasje efterbleaun is, mar Ultron stelt de mei stealthtechnology tariste strieljager fan 'e Avengers en besjit de Avengers op 'e grûn mei de grutte masinegewearen fan it tastel. Hawkeye kin gjin kant út en wol it jonkje mei syn eigen lichem beskermje, mar se wurde rêden troch Pietro Maximoff, dy't harren mei syn boppeminsklike faasje yn feilichheid bringt. Dêrby rekket er sels lykwols trochsingele mei kûgels, dat er it bestjert.

By Ultron syn besjitting rekket ek Black Widow ferwûne, dy't dêrnei sêftkes yn 'e earmen fan 'e Hulk nei de Fleandekkopter brocht wurdt. As er har dêr ôflevere hat, springt de Hulk efter de strieljager oan, dy't er interet. Hy jout Ultron in flink wan bruien en skopt him út it fleantúch. As er delkomt, wurdt Ultron opwachte troch Wanda Maximoff, dy't út wraak foar de dea fan har broer syn roboatyske lichem fernielt. As de no lege stêd werom begjint te fallen nei de Ierde, sabotearje Iron Man en Thor de motor dy't de lânmassa opstige litten hat, en feroarsaakje dêrmei in ûnbidige ûntploffing wêrby't de fallende stêd útinoar spat yn ûntelbere lytse brokjes, dy't sûnder mear as lokale skea oan te rjochtsjen op 'e Ierde delkomme. Vision spoart de lêste fan 'e robots fan Ultron op, dy't no troch Ultron sels as lêste taflechtsoard bewenne wurdt, en ferneatiget dy.

Neitiid nimt Black Widow fia in radioferbining kontakt op mei de strieljager dêr't de Hulk noch altyd yn sit, en freget him om 'e stealthkamûflaazje út te skeakeljen sadat se him opspoare kinne. Ynstee skeakelet de Hulk de radioferbining út. Hy wol langer net mear oare minsken, of minder noch, Black Widow sels, mei syn brekme oan selsbehearsking yn gefaar bringe, en is fan doel himsels ôf te sûnderjen yn in ôfhandige úthoeke fan it hielal.

Nei de konfrontaasje mei Ultron fêstigje de Avengers in nij haadkertier, dat ûnder lieding stiet fan Fury, Hill, dokter Cho en dr. Selvig. Hawkeye lûkt him mei syn gesin werom op syn boerespultsje. Stark set ôf om 'e lieding oer syn bedriuw wer op him te nimmen. Thor giet nei Asgard om mear te witten te kommen oer de machten dy't neffens him wier efter de swierrichheden sitte dêr't de Avengers de ôfrûne jierren foar kommen binne te stean. Captain America en Black Widow begjinne de training fan nije rekruten foar de Avengers: Vision, War Machine, de Falcon en Wanda Maximoff, dy't harsels no Scarlet Witch neamt.

Healwei de ôftiteling ferskynt de god Thanos yn byld, dy't in pânserwant oandocht en, teloarsteld oer it falen fan 'e lju dy't der manipulearre hat om it smoarge wurk foar him op te knappen, seit dat er dan de Uneinichheidsstiennen sels wol ophelje sil.

Robert Downey jr.
Chris Hemsworth.
Scarlett Johansson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                 
Iron Man (Tony Stark) Robert Downey jr.
Captain America (Steve Rogers) Chris Evans
de Hulk (Bruce Banner) Mark Ruffalo
Thor Chris Hemsworth
Black Widow (Natasha Romanoff) Scarlett Johansson
Hawkeye (Clint Barton) Jeremy Renner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ultron James Spader
Scarlet Witch (Wanda Maximoff) Elizabeth Olsen
Quicksilver (Pietro Maximoff) Aaron Taylor-Johnson
J.A.R.V.I.S. / Vision Paul Bettany
Maria Hill Cobie Smulders
Nick Fury Samuel L. Jackson
War Machine (James Rhodes) Don Cheadle
Falcon (Sam Wilson) Anthony Mackie
dr. Helen Cho Claudia Kim
Laura Barton Linda Cardellini
dr. Erik Selvig Stellan Skarsgård
Ulysses Klaue Andy Serkis
baron Wolfgang von Strücker Thomas Kretschmann
dr. List Henry Goodman
Peggy Carter Hayley Atwell
Heimdall Idris Elba
madam B. Julie Delpy
F.R.I.D.A.Y. Kerry Condon (inkeld stim)
Thanos Josh Brolin (cameo)
feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch Stan Lee (cameo)
soldaat yn fêsting Chris Luca
hierling fan Strücker Brian Schaeffer
hierling fan Klaue Bentley Kalu
Zrinka Dominique Provost-Chalkley
assistint fan dr. Cho #1 Chan Woo Lim
assistint fan dr. Cho #2 Minhee Yeo
wordhub-technika Ingvild Deila

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Avengers: Age of Ultron waard regissearre troch Joss Whedon nei in senario fan himsels op basis 'e stripsearje The Avengers fan Stan Lee en Jack Kirby, dy't ferskynde by de útjouwerij Marvel Comics. As produsint wien Kevin Feige by it projekt belutsen foar de filmstudio Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan mar leafst $444 miljoen. Dêrmei wie Avengers: Age of Ultron de op ien nei djoerste film aller tiden (nei Pirates of the Caribbean: On Stranger Tides). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Davis, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler en Danny Elfman. Yn 'e postproduksje waarden mear as 3.000 special effects tafoege troch tsien ferskillende bedriuwen dy't spesjalisearre binne op dat mêd, wêrûnder Industrial Light & Magic (ILM) fan George Lucas.

De opnamen foar Avengers: Age of Ultron setten op 11 febrewaris 2014 útein en duorren oant 6 augustus fan dat jier. In grut diel fan 'e film waard opnommen yn 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey en yn minder mjitte yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire, mar der waard ek op lokaasje filme op oare plakken yn Ingelân, te witten: Londen, Hampshire, Kent en Norfolk, en fierders yn 'e Amerikaanske steat New York, Jehannesburch yn Súd-Afrika, Seoel yn Súd-Koreä, Chittagong yn Bangladesj en de Aostadelling yn noardlik Itaalje. Yn it Kastiel fan Dover, yn Kent, waarden de binnendoarsênes opnommen yn Strücker syn fêsting yn Sokovia. De Aostadelling gie troch foar it fiktive lân Sokovia. Op it skiptsjerkhôf fan Chittagong waard de sêne mei wapenhanneler Klaue filme.

De distribúsje fan Avengers: Age of Ultron waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dêr't ek de Marvel Studios diel fan útmeitsje. De film gie op 13 april 2015 yn Hollywood yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 28 april digitaal en op 19 maaie 2015 op cd by platemaatskippij Hollywood Records. Op 8 septimber fan dat jier kaam Avengers: Age of Ultron beskikber as digitale download en op 2 oktober waard de film ek útbrocht op dvd en blu-ray.

De cast fan Avengers: Age of Ultron by in parsekonferinsje op 'e San Diego Comic-Con fan 2014.

Fan 'e filmkritisy krige Avengers: Age of Ultron oer it algemien positive resinsjes. Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times parte de film 31/2 fan 4 stjerren ta, en skreau: "Ienris kin it skoan wêze dat in Avengers-film beswykt ûnder syn eigen geweldigens. Ik bedoel: hoe faak kin men no eins de wrâld rêde? Mar hjoed is noch net dy dei." Matt Zoller Seitz fan RogerEbert.com joech Avengers: Age of Ultron 3 fan 4 stjerren en skreau dat hoewol't de film "grutter, lûder en minder gearhingjend" wie as The Avengers, hy "ek mear persoanlikheid hie" as syn foargonger of lykfol hokker oare film út it Marvel Cinematic Universe.

Yn The Hollywood Reporter wie Todd McCarthy kritysker. Hy skreau: "It slagget Avengers: Age of Ultron om syn topprioriteit te ferfoljen: it kreëarjen fan in weardige tsjinstanner foar syn superhelden. Teffens jout de film dyselden wat nije dingen om te dwaan, mar diskear kinne de aksjesênes dy fan 'e eardere film net altyd belykje." Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times skreau: "Hoewol't dizze film fan momint op momint effektyf is, bliuwt jin der neitiid mar in hiel lyts bytsje fan by. Mei't er in ideaal fehikel is foar ús tiidrek fan sensaasje sûnder wachtsjen en direkte befrediging, wurdt er spoarleas wei frijwol daliks nei't er konsumearre is."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Avengers: Age of Ultron in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 370 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er útskroeven en ferbjusterjend is, tsjinnet [de film] as in te fol troppe mar fierhinne befredigjende ferfolchfilm, wêryn't de dochs al bombidige cast fan syn foargonger weriene wurdt mei dêropta noch in pear nije tafoegings en in weardige fijân." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Avengers: Age of Ultron in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 49 resinsjes.

Avengers: Age of Ultron brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $459,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $943,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.402,8 miljoen. Ofset tsjin it mânske budget fan $444 miljoen betsjut dat in winst fan $958,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Avengers: Age of Ultron de op fjouwer nei meast opbringende film fan 2015 en de op fiif nei meast opbringende film aller tiden.

Avengers: Age of Ultron waard yn 2016 nominearre foar fjouwer Saturn Awards, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste stripferfilming, bêste byrol fan in akteur (Paul Bettany) en bêste special effects. De film wûn de Saturn Award foar bêste kostúmûntwerp (Alexandra Byrne). Avengers: Age of Ultron wûn ek in Annie Award foar treflike animearre effekten yn in live action-produksje, in People's Choice Award foar favorite aksjefilmakteur (Chris Hemsworth as Thor), en in Teen Choice Award foar favorite 'sênesteller' (Chris Evans as Captain America). Dêrnjonken waard Avengers: Age of Ultron nominearre foar noch twa oare Annie Awards, noch seis oare People's Choice Awards, noch fiif oare Teen Choice Awards, in Australyske AACTA Award, fiif Kids' Choice Awards, seis MTV Movie Awards en de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)