Griene Hert
It Griene Hert is in gebiet yn de Rânestêd dat relatyf tin befolke is. Om it Griene Hert hinne lizze plakken as Rotterdam, De Haach, Zoetermeer, Leien, Haarlim, Amsterdam en Utert. Yn it Griene Hert lizze in tal wat gruttere plakken, bygelyks Alfen oan de Ryn, Gouda, Waddinksfean, Bodegraven, Garkum, Fianen en Woerden, mar ek lytsere plakjes as Schoonhoven, Aldewetter, Haastrecht, Nijkeap, Montfoart, Mijdrecht en Boskeap.
It Griene Hert foarmet troch it fariearde, oer it algemien lanlike karakter in tsjinpoal foar it stêdlik gebiet der omhinne. Lânbou, natuer en rekreaasje binne de wichtichste funksjes fan it gebiet. De bewenners en besikers fine der rêst, romte en grien.
Ek komme yn it Griene Hert in protte greidefûgels foar, bygelyks skriezen, ljippen en strânljippen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it gebiet tusken de grutte stêden fan West-Nederlân ûntstie yn de rin fan de iuwen in dikke, wiete feanlaach. Dizze feangrûn wie net geskikt foar in protte bebouwing, mar wol foar lânbou en it winnen fan turf. Fan de Gouden Iuw ôf ûntstie der in ring fan stêden om it gebiet hinne. Dit gebiet krige yn de twadde helte fan de 20e iuw de namme ‘Griene Hert’.
It gebiet makke yn de 17e- en 18e iuw ûnderdiel út fan de Hollânske Wetterliny.
Wetter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Griene Hert is in wetterryk gebiet. In grut tal marren lizze yn it gebiet. Bygelyks de Langaerse Plassen, de Nijkeapse Plassen, de Reeuwykse Plassen, de Finkefeanse Plassen en de Brazemermar. Boppedat binne der ek in tal rivieren, bygelyks de Hollânske Isel, de Alde Ryn, de Lek, de Flist, de Loet en de Rotte. Ek lytsere rivierkes as it beekje de Aar en rivierkes as de Gouwe en de Meije lizze yn it Griene Hert.
Takomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nederlânske oerheid hat in stik as wat plannen om yn de takomst it Griene Hert te behâlden. De oerheid wol troch it fieren fan belied foarkomme dat it Griene Hert folboud wurdt mei huzen, glêstúnboubedriuwen, diken en spoardiken.
De takomstige plannen foar de ynrjochting fan it gebiet gean út fan fjouwer sônes:
- Om it eigentlike Griene Hert hinne leit de Rânestêdring. Dit is in steedlik gebiet dat it Griene Hert hast hielendal omslút. Tusken de steedlike bebouwing lizze natuergebieten dy’t it Griene Hert mei oare natuergebieten yn Nederlân.
- Gelyk oanslutend op de Rânestêdring is der in útrinsône mei stikken bosk en wetter. Dit is foar rekreaasje en as buffer tsjin fierdere steedlike groei.
- Der sille fjouwer kearngebieten foar natuer en wettersport komme. Hjir kin útwreiding fan feanplassen, sompen en sompebosken plak fine. It giet om de gebieten De Feanen, de Krimpenerwaard, de Fechtplassen en de Hollânske Plassen. De oerheid wol besteande natuergebieten hjirfoar útwreidzje. De fjouwer gebieten stean mei elkoar yn ferbining troch grienstroken en lânbougrûnnen.
- Tusken de kearngebieten en de útrinsônes leit feangreidegebiet. Yn it gebiet is plak foar lânbou, natuer en rekreaasje.
Kuierrûte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it gebiet rinne twa wichtige rinpaden. De earste is it Griene Hertpaad, ien fan de Nederlânske kritepaden. De oare is it Floris V-paad.