Focke-Wulf Fw 189
Focke-Wulf Fw 189 Uhu | |
---|---|
Rol | Ferkenningsfleanmasine, lichte bommesmiter |
Makker | Focke-Wulf |
Untwerper | Kurt Tank |
Earste flecht | 23 july 1938 |
Yn tsjinst | 1939 |
Ut tsjinst | 1945 |
Tal makke | 864 (1940-1944) |
Brûkers | Luftwaffe, Hongarije, Slowakije |
Farianten |
De Focke-Wulf Fw 189 Uhu (Dútsk foar Oehoe) wie in Dútsk taktysk ferkenningsfleanmasine, lichte bommesmiter en legerkoöperaasje fleanmasine boud troch Focke-Wulf. De Fw 189 makke de earste flecht yn juny 1938 en waard yn 1940 yn tsjinst naam. Mids 1944 waard opholden mei de produksje. Totaal binne 846 Fw 189’s makke. Ien Fw 189, de V7 + 1H, bestiet noch en stiet yn Washington, yn de Feriene Steaten.
Untwerp en ûntjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1937 presintearre it Reichsluftfahrtministerium, it Dútske ministearje foar loftfeart, de spesifikaasjes foar in 1-motorich ferkenningsfleantúch mei optimaal sicht. Men tocht oan Arado as oannimmer. Dochs gie Focke-Wulf oan de gong mei in alternatyf, dat late ta de Fw 189 mei in dûbele sturtbeam, twa yn Frankryk boude Argus As 410-motoren en in sintrale gondel foar de bemanning. Teffens kaam Blohm & Voss mei de Bv 141 as andert op it fersyk fan it ministearje fan loftfeart. De asymmetryske Bv 141 hie goede fleaneigenskippen, mar waard fanwege de Fw 189 net grutskalich produsearre.
De Fw 189 foldie bêst as ferkenningsfleanmasine dat der waarden grutte oantallen fan makke. Earst barde dat yn it Bordeaux-Mérignac-fleanmasinefabryk (dy't no fan Dassault Aviation is) yn beset Frankryk. Letter waard de Fw 189 produsearre by Aero yn Praach, yn beset Tsjechoslowakije.
Operasjonele skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fw 189 wie it "fleanend each" fan it Dútske leger en waard mei súkses brûkt oan it eastfront. Syn Russyske bynamme wie "Rama" ('bonkerak'), in ferwizing nei de bou fan it tastel. Nettsjinsteande syn lege topsnelheid en fragile foarkommen, wie de Fw 189 robúst en syn manoevrearberens makke it in dreech oan te fallen doel foar de Russyske jachtfleantugen. Waard de Fw 189 oanfallen dan koe er troch in skerpe sirkel te draaien ûntkomme, meidat de oanfaller de Fw 189 net folgje koe.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fw 189 V2
- Fw 189 V3
- Fw 189 A-0
- Fw 189 A-1
- Fw 189 A-1 Trop
- Fw 189 A-1/U-2
- Fw 189 A-1/U-3
- Fw 189 A-2
- Fw 189 A-3
- Fw 189 A-4
- Fw 189 B-0
- Fw 189 B-1
- Fw 189C
- Fw 189D
- Fw 189E
- Fw 189 F-1
- Fw 189 F-2
Spesifikaasjes (Fw 189 A-1)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bemanning: 3
- Lingte: 12 m
- Spanwiidte: 18,4 m
- Hichte: 3,7 m
- Wjukoerflak: 38 m2
- Leechgewicht: 2 680 kg
- Startgewicht: 3 950 kg
- Motoren: 2x Argus As 410, 350 kW (465 hk) it stik
- Maks. faasje: 357 km/u
- Plafond: 8 400 m
- Fleanberik: 670 km
- Klimfaasje: 8,3 m/s
- Bewapening:
- 2x 7.92 MG 17 masinegewearen yn de fleugels by de romp
- 1x 7.92 MG 15 op de rêch fan de romp, nei efteren rjochte
- 1x 7.92 MG 15 (opsje)
- 4x 50 kg bommen
Besibbe ûntwerpen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Focke-Wulf Fw 189 fan Wikimedia Commons. |