Louis Royer
Louis Royer (ek wol: Roijer) (Mechelen, 19 juny 1793 - Amsterdam, 5 juny 1868) wie in byldhouwer fan Flaamsk komôf dy't yn de 19e iuw stânbylden fan ferskate ferneamde Nederlanners makke.[1]
Royer wie de wichtichste Nederlânske byldhouwer fan syn tiid. Hy wie bekend as de "Canova van Nederland", letter ek wol bekend as "de byldhouwer", hy hie feitlik gjin konkurrinsje. Troch it opgong meitsjen fan in nij histoarysk-nasjonalistysk besef krigen in protte nasjonale helden op steatkundich, kriichskundich of keunstsinnich mêd om de midden fan de 19e iuw hinne in eigen stânbyld, dy't hast allegearre troch Royer ûntwurpen waarden. Louis Royer wurdt ek wol sjoen as foarbyld foar Jan Bronner, grûnlizzer fan de 'Groep fan de figurative abstraksje', ôfkoarten 'De Groep' neamd, sadat er grutte ynfloed hân hat op de lettere streaming fan 'de figurative abstraksje'.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inkele fan syn skulptueren yn de iepenbiere romte binne:
- 1841 - stânbyld Michiel de Ruyter, getten izer, Keizersbolwurk, Boulevard de Ruyter, Flissingen (ûntbleate 25 augustus 1841 op it Rondeel, op 23 augustus 1894 oerbrocht nei de boulevard, dêr ûntbleate 25 augustus 1894)
- 1848 - stânbyld Willem fan Oranje, brûns, Plein, Den Haach
- 1852 - stânbyld Rembrandt van Rijn, getten izer, Rembrandtplein, Amsterdam (ûntbleate 27 maaie 1852)
- 1856 - stânbyld Laurens Janssoan Coster, brûns, Grutte Merk, Haarlim (ûntbleate 16 july 1856)
- 1856 - monumint 'De Eendracht' (Naatje van de Dam), natuerstien, Dam, Amsterdam (ûntbleate 27 augustus 1856)
- 1860 - búste Simon Stijl, moarmer, Harns (ûntbleate 29 desimber 1860)
- ± 1860 - Mariabyld, ingelen mei baldakyn en oanfollingen fan it Prealgrêf fan Ingelbrecht I fan Nassau yn Breda
- 1867 - ûntwerp stânbyld Joast fan de Vondel, brûns, Vondelpark, Amsterdam (ûntbleate 18 oktober 1867)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|