Springe nei ynhâld

Miedlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Miede)
Miedlân yn de maitiid

Miedlân of miede is leechlizzend healân. As ôflieding fan it wurd, wurdt tocht oan mad, de oerflakte dy't yn in heale dei te haaien is, lyksteld oan in heale hektare. In miede wie minder gaadlik foar it weidzjen. Eartiids waarden der om sokke stikken lân hinne ek wol in wâl fan plaggen oanlein. Op de Waadeilannen tsjinne sa'n wâl ek wol as seewarring.

Tekenjend foar leech healân yn de Fryske lannen is de miedeferkaveling, ek wol blok-streekferkaveling neamd, dêr't de oanmakke streken lân oarspronklik ta ferskiljende eigeners út de tichteby lizzende doarpen hearden. Dêrby ûntstie ornaris in ljedderfoarmich patroan, dy't ferbûn wie mei miedleanen of healeanen. Dat type gea ûntstie yn de Midsiuwen troch it ferpartsjen en ferkaveljen fan leech lizzend lân dat earder yn mienskiplik gebrûk wie. In soad gebieten mei in miedeferkaveling lizze yn it efterlân fan de hege ouwerwâlen by de kust fan de Waadsee del. Der ûntstie bytiden ek in uterdyks gebiet mei miedeferkaveling, lykas it streekdoarpegea by Roodeschool en Eastein, dat út de sechtjinde iuw komt.

Hast eltse lânboumienskip hie ien of mear mieden. Troch it ferbetterjen fan it ôfwetterjen en diken koene dêr ek doarpen of buorskippen ûntstean, lykas:

De Miedleane by Koarnwert is in reed dat nei it lân yn de Polder Koarnwert rint.

  • Miedema

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Otto Brinkkemper, Theo Spek et al., Biografie van de Mieden. Landschapsgeschiedenis van de miedengebieden bij Buitenpost, Surhuizum en Zwaagwesteinde (Noordoost-Friesland), Amersfoart/Ljouwert/Feanwâlden 2006
  • Otto Brinkkemper, Theo Spek et al., De Mieden. Een landschap in de Noordelijke Friese Wouden, Utert 2009
  • Iris Koppert, Hooiwegen. Interdisciplinair landschapsonderzoek naar de ligging, de ontwikkeling en het gebruik van historische hooi- en madewegen in Noord-Nederland vanaf de 18e eeuw, masterscriptie landschapsgeschiedenis, Grins 2017