Spata
Appearance
De Spata is it lange swurd dat de Romeinske kavalery brûkte. It model wie lyk oan de gladius dat troch de Romeinske legionair brûkt waard, mar it wie in stik langer. It wurd komt fan it Grykske wurd σπαθη, dat spatel betsjut.
De Spata waard net allinnich brûkt om fan it hynder ôf út te heljen, mar ek by in man-tsjin-man gefjocht. Yn de lette keizertiid hie de ynfantery ek spataas. Neist it spatha waard ek noch de semi-spata brûkt as licht ferdigeningsswurd.
De Spata waard lykas by de legionêr standert oan de rjochter kant droegen by de ynfantery en lofts by de kavalery.