Spien
In spien (ûnsidich: it spien; meartal: spiennen; Latynske, wittenskiplike namme: papilla mammaria) is by sûchdieren in ferhege diel fan it hûdweefsel oan beide kanten fan it boarst. By wyfkes binne de spiennen it lichemsdiel dêr't nei de berte molke it lichem troch ferlit om 'e jongen mei te fuorjen; by mantsjes binne de spiennen rudimintêr en hawwe se gjin funksje. Yn 'e Fryske sprektaal wurdt foar 'spien' tsjintwurdich ornaris it no folslein ynboargere hollanisme tepel brûkt. By bisten wurdt in spien gauris oantsjut as in oer. Hoewol't útsein de snaffeldieren (Monotremata) alle sûchdieren oer spiennen beskikke, ferskilt it oantal per soarte.
Anatomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spiennen komme altyd yn pearen foar. It binne ferhege dielen fan it hûdweefsel, dy't oan wjerskanten fan it boarst sitte. As der mear pearen binne, komt it foar dat se hielendal trochrinne oant de ûnderbealch (lykas by bargen). By guon bisten sitte de spiennen oan in omleechhingjende sek fêst, dy't it jaar hjit. Dat is bygelyks sa by kij, dy't fjouwer oeren hawwe, en by skiep en geiten, dy't twa oeren hawwe. By de minske sitte de spiennen yn 'e midden fan it boarst, oan wjerskanten fan 'e boarstbonke. Se wurde omjûn troch in gebiet dat de spienhôf of areola neamd wurdt, en dat dûnkerder fan kleur is om't dêr mear pigmint yn 'e hûd sit. By blanke en mongoloïde minsken binne it spienhôf en spien rôze of readich, wylst se by negroïde lju dûnkerbrún oant swart binne.
By manlju binne de spiennen rudimintêr en hawwe se gjin funksje. Dat manlju (en oare manlike sûchdieren) dochs spiennen hawwe, komt om't de ûntwikkeling fan it embryo yn earste ynstânsje froulik is en de froulike lichemsskaaimerken dus al oanwêzich binne as it geslacht ferskoot nei manlik. Dat bart pas nei't der manlike hormoanklieren groeid binne, dy't manlike hormoanen produsearje. Om't by manlju op dat punt de ûntjouwing fan 'e spiennen ôfbrutsen wurdt, binne harren spiennen yn 'e regel lytser en platter as dy fan froulju. Faak groeit der by manlju oan 'e râne fan 'e spiennen boarsthier, ek as de rest fan it boarst (frijwol) ûnbehierre is. By froulju foarmje de spiennen de toppen fan 'e boarsten.
Funksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fysiologyske doel fan spiennen is om molke te leverjen dêr't in poppe (by minsken) of de jongen (by bisten) mei fuorre wurde kinne. Sokke molke, by minsken tatemolke of tate neamd, wurdt produsearre yn 'e molkklier yn it frouljusboarst (by minsken) of yn it jaar of it weefsel ûnder it oer (by bisten) en fia it molkkanaal nei it spien ta laat. Yn 'e punt fan it spien komt it molkkanaal út yn in lyts gatsje yn 'e hûd, dêr't de molke troch nei bûten lekke of sûgd wurde kin. Dat proses hjit laktaasje. De measte sûchdieren produsearje inkeld molke as se in bern oan it boarst (by minsken) of drinkende jongen hawwe (by bisten). Yn 'e melkfeehâlderij wurde kij, mar ek skiep, geiten, kamielen en oare bisten melk (d.w.s. molkeprodusearjend) holden om't eigners harsels fiede wolle mei de molke of dy ferkeapje wolle foar ferwurking yn in molkfabryk.
It proses fan it fuorjen fan molke as froulju in bern oan it boarst hawwe, hjit boarstfieding. As de poppe it spien fan 'e mem (of tatemem) yn 'e mûle nimt en deroan begjint te sûgen, stimulearret dat de ôfjefte fan oksytosine troch de hypotalamus. Oksytosine is in hormoan dat mear oanmakke wurdt ûnder it swierwêzen en de refleks befoarderet dy't de molke sjitte lit. Dêrnjonken lit de ôfjefte fan oksytosine troch de stimulaasje fan 'e spiennen ek it limoer gearlûke nei't dat útrutsen is troch it swierwêzen en de befalling. Dat helpt om 'e slachieren yn it limoer lytser te meitsjen, wat wer needsaaklik is om post-partumbliedings foar te kommen. As de poppe oan it spien sûgd, lûke ek de lytse spieren yn it frouljusboarst gear, mei as gefolch dat de tatemolke út 'e molkklier parst wurdt om fia it molkkanaal nei it spien te rinnen.
Foar in goede stimulaasje fan it spien dy't al dizze prosessen yn wurking set, is it fan belang dat de poppe it spien goed yn 'e mûle nimt. Dêrfoar moat er de ûnderkant fan it spienhôf yn 'e mûle hawwe, sadat it eigentlike spien krekt ûnder syn boppelippe sit. As de poppe de ûnderlippe te ticht by it spien hat, resultearret dat yn fermindere sûchkrêft en dêrtroch yn ûnfoldwaande stimulaasje fan it spien. Ek kin it liede ta seare en barsten spiennen (spienkleauwen), wat wer in begryplike tsjinnichheid fan 'e mem ta gefolch hat om troch te gean mei boarstfieding. Nei de berte nimt de hoemannichte molke dy't yn 'e molkklier oanmakke wurdt, ta op basis fan 'e oanhâldende en tanimmende stimulaasje fan it spien troch de poppe. Salang't de poppe net ôfwûn wurdt, sil de molkeproduksje oanhâlde.
Poppen krije yn 'e lêste dagen fan it swierwêzen fia it bloed fan 'e mem en de plasinta ûnbedoeld hormoanen taspile, dy't derfoar soargje dat harren spiennen tsjûker en harren molkklieren aktyf wurde. Dêrtroch kinne de spiennen fan poppen soms flink ûnderhûdsk opsette. It kin dêrtroch ek foarkomme dat poppen yn 'e earste dagen nei de berte in bytsje molke produsearje dat harren út 'e spiennen lekt. Dat wurdt wol 'heksemolke' neamd. Soks hâldt lykwols binnen in pear dagen op om't de poppe nei de berte net mear it bloed (en dêrmei de hormoanen) fan 'e mem dielt.
Seksualiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spiennen binne oer it algemien gefoelich by oanrekking. Dat is sa by sawol manlju as froulju, mar by manlju hat dy gefoelichheid almeast neat te krijen mei seksualiteit. By froulju is dat oars; by harren binne de spiennen in erogene sône. Stimulaasje fan 'e spiennen by in frou, bygelyks troch se te streakjen, der (sêft) yn te knipen of deroan te sûgen, liedt ta seksuële opwining. It kin by de frou sels (sij it yn seldsume gefallen) in orgasme feroarsaakje, sa't yn 2011 bewiisd is troch it ûndersyk nei funksjonele magnetyske resonânsjewerjefte (fMRI) fan Komisaruk et al.
Sûnt de njoggentjinde iuw is it ûntbleatsjen fan 'e spiennen fan froulju yn 'e Westerske maatskippij in kultureel taboe, hoewol yn guon lannen (lykas de Feriene Steaten) folle mear as yn oaren (lykas de measte Jeropeeske lannen). It taboe hâldt der ferbân mei dat spiennen by de frou in erogene sône binne; ferhelderjend is yn dit ramt dat der op it toanen fan 'e spiennen fan manlju hielendal gjin taboe rêst. Froulju wurde oer it algemien beskôge as topless (d.w.s. sûnder bedekkende klean oan 'e boppeste helte fan it lichem) as it spienhôf of in diel fan it spienhôf te sjen is. Foar guon froulju is it ûnbleatsjen fan 'e spiennen of boarsten in die fan ferset tsjin wat se sjogge as seksistysk paternalisme, wylst oaren it as in misdriuw beskôgje dat ferfolge wurde moat.
Yn 'e ienentweintichste iuw is der op dit mêd wrâldwiid in oanboazjende ynfloed fan it taboe te merken, dy't feroarsake wurdt trochdat ynfloedrike sosjale media as Facebook en Instagram de rest fan 'e wrâld de Amerikaanske kekenens besykje op te lizzen troch foto's fan froulike spiennen te ferbieden. Op Instagram waarden foarhinne sels foto's fan froulju ferwidere dy't harren poppen boarstfieding joegen om't sokke bylden "oanstjitjaand" wêze soene. Dat late lykwols, ek yn 'e Feriene Steaten sels, ta sa'n trelit dat de webside twongen wie syn regels oan te passen. Nettsjinsteande dat binne foto's fan froulju út oare kultueren, dêr't it net mear as normaal is om mei bleate boarsten om te rinnen, op Instagram noch altyd strang ferbean.
Oandwanings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By froulju komme ynlutsen spiennen (of spienretraksje) in soad foar. Dêrby hat de spien in holle ynstee fan in bolle foarm. As spiennen al fan 'e jonkheid ôf ynlutsen west hawwe, is dat in ûnskuldige ôfwiking, dy't mei plastyske sjirurgy ferholpen wurde kin as dêr priis op steld wurdt. It is wol sa dat by sa'n soarte yngreep senuwen en/of it molkkanaal skansearre reitsje kinne, sadat de frou neitiid minder gefoel yn 'e spiennen hat en/of gjin boarstfieding mear jaan kin. In spien dat ynienen, yn koarte tiid, ynlutsen rekket, kin lykwols in teken wêze fan boarstkanker. Ynlutsen spiennen meitsje it jaan foar boarstfieding dreger, mei't de poppe de spien minder goed fine kin. It is dan ekstra wichtich om 'e poppe hieltyd soarchfâldich oan it boarst te lizzen, sa nedich mei de help fan in laktaasjekundige.
Spienkleauwen foarmje in oandwaning fan 'e spien, wêrby't de spienhûd langwerpige ferwûnings kriget yn 'e foarm fan barsten. Dat is faak te witen oan in ferkearde oanlistechnyk fan 'e poppe by it jaan fan boarstfieding. As de poppe sa oanlein wurdt dat er net inkeld de spien sels, mar ek in diel fan it spienhôf yn 'e mûle nimt, bedarret de spien sels by him hielendal efter yn 'e mûle, tsjin it sêfte ferwulft oan. Dêr kin de poppe net yn 'e spien bite en kin de spien likemin op oare manearen skansearre reitsje.
Ofwikings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hawwen fan mear as twa spiennen (polytely) komt ûnder minsken foar by 1% fan 'e wrâldbefolking. Sokke lju hawwe ien of twa soms ferhege rôze of brune plakjes of echte spientsjes op 'e saneamde molklist, de line fan it skouder oant de ljisk. Sokke ekstra spiennen befine har almeast leger op it liif as de normale spiennen, en wurde faak oansjoen foar in maal, om't it spienhôf ornaris ûntbrekt. Soms kin ûnder sa'n ekstra spien in molkklier sitte dy't opset as de persoan yn kwesje (mei de echte spiennen) boarstfieding jout.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|