Springe nei ynhâld

Stasjon Baarn

Ut Wikipedy
Stasjon Baarn
station Baarn
Stasjon Baarn yn 2014
Stasjon Baarn yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Baarn
plak Baarn
adres Stationsplein 66b
arsjitektuer
stasjonskoade Brn
type Trochgongsstasjon
iepening 10 juny 1874
boujier 1874
arsjitekt A.L. van Gendt
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 8542
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 4
spoarline Easterspoarwei
Stichtse Line
busline 4 buslinen
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Baarn (Utert)
Stasjon Baarn

Stasjon Baarn is it spoarstasjon yn Baarn en leit oan de spoaren HilfertsomAmersfoart (Goailine) en Utert – Baarn (Stichtse line). Hoewol't it in lyts station is, hat it in bysûndere eigenskip dy't fierders allinnich in lyts oantal grutter stêden hat: in keninklike wachtkeamer. Paleis Soestdijk leit op sawat twa kilometer ôfstân, dus Keningin Juliana en Prins Bernhard krigen harren eigen mear lúksueuze abry om op de trein te wachtsjen.

Stasjon Baarn hat fjouwer spoaren: spoar 1 leit direkt by it stasjonsgebou en waard brûkt foar de trein fan/nei Utert Sintraal, dy't Baarn as eindpunt hat. De spoaren 2 en 3 lizze lân it eilânperron, hjir stopje de treinen yn de rjochtingen fan Amersfoort en Amsterdam. Yn 2008 waard in nij perron yn gebrûk nomd lâns spoar 4, as nij einpunt foar de trein út Utert.

It eardere NCS-stasjon Baarn

Stasjon Baarn waard iepene op 10 juny 1874, Baarn en hie oarspronklik twa stasjons flak neist elkoar, oan beide kanten fan it spoar. It hjoeddeiske stasjon waard brûkt troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HSM) foar de treinen fan de Oosterspoorweg tusken Amsterdam en Amersfoort, it yn 1898 ipene saneamde buertstasjon waard troch de Nederlandsche Centraal-Spoorweg-Maatschappij (NCS) brûkt as einpunt foar de treinen fan/nei Utert.

Neidat de NCS yn 1938 opgien wie yn de Nederlânske Spoarwegen waard in ferbining oanlein tusken it HSM-stasjon en de line rjochting Utert. Yn 1948 waard it buertstasjon sletten, de treinen fan/nei Utert makken sûnttiids gebrûk fan spoor 1 fan it HSM-stasjon. Neidiel fan dizze situaasje wie dat dizze treinen lykfliers de drokke line Hilfertsom – Amersfoort oerstekke moasten. Hjirom waard yn 2008 in nij perron oanlein oan de kant fan it eardere NCS-stasjon, sadat de treinen út Utert tenei konfliktfrij Baarn binnen komme kinne.

It eardere NCS-statsjon is tsjintwurdich yn gebrûk as restaurant.

Bou fan nij perron en liften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om fertragingen te foarkomen is spoar 4, dat gjin perron hie, klear makke om treinen bahannelje te kinnen rjochting Utert. Hhjirfoar waard in hiel nij perron boud en ferlear spoar 1 syn funksje. Spoar 4 is in kopspoar wurden, fanút Hilfertsom sille dus allinnich de spoaren 1, 2 en 3 beskikber wêze yn de nije situaasje. Spoar 1 is dêrnei in skoftke bûten gebrûk west mar letter wer oanlein foar spesjale gelegenheden. De spoaroergong neist it stasjon is ferfongen en der binne liften komd yn 2009.