Springe nei ynhâld

Stienûltsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stienûle)
stienûltsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift ûle-eftigen (Strigiformes)
famylje ûlefûgels (Strigidae)
skaai stienûlen (Athene)
soarte
Athene noctua
Scopoli, 1769
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     eksoat

It stienûltsje of de stienûle (Athene noctua) is in ûle út it skaai fan de stienûlen.

It stienûltsje is in lytse ûle fan om ’e 21-24 cm lang. Folwoeksen stienûltsjes wage tusken de 160 en 180 gram (mantsjes) en 165 en 205 gram (wyfkes). De boppeside is brúngriis mei wite plakken, de ûnderside is ljochtgriis mei donkere streken. De fûgel hat in platte, brede kop mei giele eagen. De wjukken binne rûn en koart en de stjurt is ek koart.

Stienûltsjes iten mûzen, kikkerts, krobben, wjirmen, lytse fûgeltsjes en sa.

It stienûltsje komt yn in brede streek fan West-Jeropa en Noard-afrika ta Noard-Sina foar. Yn Nederlân is it stienûltsje (ûndersoarte vidalii) in stânfûgel mei sa’n 8000-9500 briedpearen (2018-2020), meast yn it easten en súden fan it lân. De soarte stie sûnt 2004 as “kwetsber” op de Nederlânske Reade List fan fûgels. Yn Fryslân komme mar inkelde briedpearen foar.

  • Skaai: Athene - stienûlen
    • Soarte: Athene noctuastienûltsje of stienûle
      • Undersoarte A. n. vidalii (W-Jeropa (Benelux ta Ibearje), E-Jeropa, W-Ruslân)
      • Undersoarte A. n. noctua (M-Jeropa, Itaalje)
      • Undersoarte A. n. indigena (Balkan, S-Oekraïne , SW-Sibearje, Levant)
      • Undersoarte A. n. glaux (N-Afrika, S-Israel) ("woastynstienûltsje")
      • Undersoarte A. n. saharae (Sahara, Araabje)
      • Undersoarte A. n. orientalis (NW-Sina, M-Sibearje)
      • Undersoarte A. n. impasta (M-Sina)
      • Undersoarte A. n. ludlowi (Tibet)
      • Undersoarte A. n. plumipes (Altai, Mongoalje, E-Sibearje)
      • Undersoarte A. n. lilith (Syprus, SE-Turkije, Sinaï)
      • Undersoarte A. n. bactriana (SE-Aazje)
      • Undersoarte A. n. spilogastra (E-Sudan, Eritrea)
      • Undersoarte A. n. somaliensis (E-Etioopje, Somaalje)

List fan fûgels

Keppling om ûtens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]