Springe nei ynhâld

Polemyk

Ut Wikipedy

In polemyk (fan it Grykske wurd πόλεμέω, póleméo, dat 'kriich fiere' betsjut) as striidskriuwerij, is stride mei de pen troch guons dy't it net mei elkoar iens binne en harren stânpunten oer en wer op papier oanfalle of ferdigenje. It is in striid dy't him meastentiids ôfspilet tusken fakgenoaten. Polemiken binne faak it gefolch fan konfliktearjende stânpunten dêr't de opponinten betogen oer skriuwe. In polemyk manifistearret him yn elkoar opfolgjende artikelen yn tydskriften of kranten, mar ek yn boeken, ynternetforums, weblogs.