Springe nei ynhâld

Pinewood Studios

Ut Wikipedy
Pinewood Studios
Yngong fan 'e Pinewood Studios
Yngong fan 'e Pinewood Studios
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Iver Heath (Ingelân)
oprjochte 1936
oprjochter Charles Boot
J. Arthur Rank
mem Pinewood Group
offisjele webside
www.pinewoodgroup.com/our-studios/uk/pinewood-studios
kaart
Pinewood Studios (Ingelân)
Pinewood Studios
Lokaasje yn Ingelân.

De Pinewood Studios binne in studiokompleks yn it Ingelske doarp Iver Heath yn Buckinghamshire, dêr't de opnamen foar in protte films, tillefyzjeprogramma's, reklamespotsjes en fideoklips plakfine. It kompleks stiet likernôch 29 km bewesten de Britske haadstêd Londen. De Pinewood Studios meitsje diel út fan 'e Pinewood Group, in bedriuw dat ek soartgelikense studiokompleksen yn oare dielen fan 'e wrâld besit. De Pinewood Studios binne bekend wurden trochdat ferskate populêre filmsearjes, lykas de Carry On-franchise en de James Bond-rige, der opnommen waarden.

De Pinewood Studios waarden op 30 septimber 1936 iepene. It studiokompleks waard boud op it grutte lângoed Heatherden Hall, dat út 'e Fiktoriaanske Tiid stamme. Dat waard yn 1934 oankocht troch boumagnaat Charles Boot, dy't it lânhûs omfoarme ta in kantoargebou en yn gearwurking mei in oare miljonêr, itenswareprodusint J. Arthur Rank, fasiliteiten foar it opnimmen fan films op it byhearrende terrein bouwe liet. Boot neamde it nije bedriuw Pinewood (letterlik: "Dinnewâld"), om't er in namme hawwe woe dy't op "-wood" einige, krekt as Hollywood, it sintrum fan 'e Amerikaanske filmyndustry, en om't der frijwat dinnebeammen op it lângoed groeiden.

De earste film dy't (foar in diel) yn 'e Pinewood Studios opnommen waard, wie Londen Melody, fan regisseur Herbert Wilcox, út 1937. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden de Pinewood Studios troch de Britske Striidkrêften en de Poalske Loftmacht brûkt foar de produksje fan propagandafilms. Nei de oarloch waarden der in protte Britske films opnommen, wêrûnder, fan 1958 ôf, de Carry On-filmsearje. Begjin 1960-er jierren waarden de Pinewood Studios brûkt foar de produksje fan 'e earste James Bond-film, Dr. No (1962). Neitiid waarden hast alle folgjende dielen út dy filmrige alteast foar in part (ornaris de binnendoarsênes) yn 'e Pinewood Studios opnommen.

Oant 2001 wiene de Pinewood Studios ûnderdiel fan The Rank Group, mar dat jiers waard it studiokompleks oerdien oan in kloft ynvestearders û.l.f. Michael Grade en Ivan Dunleavy. De oankeap troch dyselden fan 'e Shepperton Studios yn Londen late ta de oprjochting fan 'e Pinewood Group, in bedriuw dat him folslein taleit op 'e eksploitaasje fan studiokompleksen yn 'e hiele wrâld. Deselde ûndernimming hat ek studio's yn besit yn Kanada, de Dominikaanske Republyk, Dútslân, Maleizje en de Feriene Steaten.

De Pinewood Studios omfiemje sechstjin soundstages foar de opnamen fan films en tillefyzjeprogramma's, dy't yn grutte útinoar rinne fan mar 160  oant it reuseftige 007 Stage fan 5.500 m². It 007 Stage waard oarspronklik yn 1976 boud foar de James Bond-film The Spy Who Loved Me (1977) en befettet in gigantyske wettertank, ien fan 'e grutsten yn Jeropa. It 007 Stage waard yn 1984 ferwoastge troch brân, mar fjouwer moanne letter werboud foar A View to a Kill. Op 30 july 2006 rekke deselde studio fannijs slim skansearre by in brân, mei as gefolch dat it dak foar in diel ynstoarte. Binnen in healjier waard it ferlaat wer reparearre. It op ien nei grutste soundstage fan 'e Pinewood Studios wurdt foarme troch it T Stage, mei in oerflak fan 2.800 m². It Richard Attenborough Stage, ferneamd nei de bekende akteur en regisseur, is likernôch like grut. Teffens binne der twa soundstages dy't spesjaal tarist binne foar it dwaan fan tillefyzje-útstjoerings. It âlde lânhûs Heatherden Hall mei syn grutte tunen stiet ek noch altyd en wurdt as opnamelokaasje brûkt. Efter de soundstages binne hektares lân beskikber foar it bouwen fan bûtendoarsets.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Pinewood Studios opnommen binne:


Yn 'e Pinewood Studios binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Eastenders, Midomer Murders, Teletubbies (1997-2001), Bob the Builder (1998-2004), Birds of a Feather (fan 2014 ôf), Red Dwarf (2015-2020), Andor (fan 2022 ôf) en Willow (fan 2022 ôf). Ek tillefyzjekwissen lykas The Weakest Link (2001-2009) en realitytillefyzjeprogramma's lykas The Voice UK (2013) binne der filme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.