Georg-August-Universiteit
Georg-August-Universiteit | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | Georg-August-Universität Göttingen | |
Biedwurd | In publica commoda | |
Lokaasje | ||
Lân | Dútslân | |
Plak | Göttingen | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1737 | |
Tal studinten | 30.200 (2020-2021) | |
Tal meiwurkers | 11.876 | |
Netwurken | German Excellence Universities, Coimbra Group, U15, EUA, U4 Network, Guild of European Research-Intensive Universities | |
Offisjele webside | ||
www.uni-goettingen.de |
De Georg-August-Universität yn Göttingen is mei goed 25.377 studinten (2012) de âldste noch besteande en grutste universiteit yn de Dútske dielsteat Nedersaksen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De universiteit waard 1737 stichte fan George II August, karfoarst fan Hannover en kening fan Grut-Brittanje. It ynstitút ûntjoech him y in koart skoft tiid ta ien fan de gruttere yn Jerpa en hie fan begjin ôf oan al wichtige gelearden as meidoggers.
Yn 1837 wie der oan de Göttinger universiteit it ynsidintfan de Sân fan Göttingen. Nei't de kening fan Hannover by Keninklik Beslút de frijheid fan mieningsutering slim beheind hie, publisearre sân heechleararen, dêr't de ferneamde Bruorren Grimm ek by wiene, in skerp protest. De kening joech se dêrnei allegear dien. Trije fan harren waarde sels ferbanne. De sân heechleararen waarden rillegau yn hiel Dútslân als helden en martelders beskôge. De kening waard in tal jierren letter twong om syn autoritêre grûnwetswiziging werom te nimmen.
Om 1900 hinne wie de universiteit ít sintrum fan de teoretyske natuerkunde en wiskunde yn Jeropa. Tal fan ferneamde gelearden wiene der oan ferbûn, joegen gastkolleezjes of studearren dêr: Leó Szilárd, Edward Teller, Robert Oppenheimer, Albert Einstein, Carl Friedrich Gauss, Niels Bohr, David Hilbert, Wilhelm Hillebrand, Bernhard Riemann, Max Planck en in protte oaren. Doe't de nazy's yn 1933 de joaden ferbea om les te jaan of te studearjen giene in protten fan harren nei it bûtenlân. Dy braindrain is de universiteit nea wer te boppe kaam; de universiteit is deselde bleaun, mar har foaroarlochske status fan wrâldwiid liedingjaand ynstitút yn natuer- en wiskunde hat se oant no ta net mear berikke kinnen.
Bekende meidoggers en studinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Niels Bohr
- Wilhelm Dittenberger
- Albert Einstein
- Carl Friedrich Gauss
- Robbert Gradstein
- Alfréd Haar
- Heinrich Eduard Heine
- David Hilbert
- Wilhelm Hillebrand
- Robert Koch
- Tobias Mayer
- Walther Nernst
- Robert Oppenheimer
- Christiaan Hendrik Persoon
- Max Planck
- György Pólya
- Bernhard Riemann
- George van Schaumburg-Lippe
- Leó Szilárd
- Edward Teller
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Georg-August-Universität Göttingen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|