Springe nei ynhâld

Corellia

Ut Wikipedy
Corellia sa't de planeet te sjen is yn Solo: A Star Wars Story (2018).

Corellia is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't foar it earst neamd waard yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. De planeet waard as setting yntrodusearre yn 'e romantrilogy The Han Solo Adventures (1979-1980) fan Brian Daley, mar ferskynde pas foar it earst op it wite doek yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018). Corellia makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme fan 'e Corelliaanske sektor fan 'e Kearnwrâlden fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan likernôch 11.000 km, dy't rûntsjedraait om 'e stjer Corell en sels in trijetal moannen hat. De planeet hat in deilingte fan 25 oeren en in jierlingte fan 329 dagen.

Op it oerflak fan Corellia, dat oerdutsen is mei reinwâlden, oseänen en útstrutsen yndustrieel-urbanisearre gebieten, hearsket in tuskenbeiden klimaat. De planeet hat in grut bioferskaat mei in wielderige plantegroei en in protte ûnderskate soarten lânseigen bisten. Der hat him op Corellia lykwols gjin lânseigen yntelliginte soarte bûtenierdske wêzens ûntjûn. Ynstee is de planeet al ier kolonisearre troch minsken fan 'e oare Kearnwrâlden, dy't wierskynlik oarspronklik fan Coruscant komme. Tsjintwurdich beskôgje de minsken fan Corellia, de saneamde Corellianen, har lykwols as folslein lânseigen op 'e planeet. De befolking telt likernôch 3 miljard sielen, foar it meastepart minsken, mar ek Barbadelanen, Besalisken, Czerialanen, Grindaliden, Kel Dor, Pa'lowicks, Rodianen, Sullustanen, Twi'leks en Ugors. De haadstêd fan 'e planeet hjir Coronet. Corellia stiet benammen bekend om syn anargy en syn romteskipsbou.

Corellia waard beskreaun yn ferskate boeken út 'e Star Wars-franchise, wêrûnder sawol wurken dy't ta de formele kanon fan it Star Wars-hielal hearre, as guon dy't sûnt de oername fan filmstudio Lucasfilm troch Disney yn 2012 út 'e kanon skrast binne en no mei-inoar bekend steane as Star Wars Legends. Yn 2018 waard de planeet foar it earst ôfbylde yn in film, Solo: A Star Wars Story, wêryn't wat men fan Corellia te sjen kriget, lykwols beheind bliuwt ta in yndustrieel kompleks yn 'e haven fan Coronet en de binnenkant fan in romtehaven. De sênes op Corellia waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire.

De film spilet yn 'e tiid dat Corellia oerhearske wurdt troch it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. De besetters litte in fiergeande foarm fan anargy op 'e planeet ta, wêrby't misdiesyndikaten foar master opslane. De jonge Han Solo en syn jeugdleafde Qi'ra groeie op as wezen en wurde lykas oare strjitbern opfandele troch de Wite Wjirmen, de binde fan 'e ûnmeilydsume Grindelidyske frouwe Proxima, dy't harren wurkje lit yn in steat dy't slavernij deun benei komt. Han en Qi'ra besykje te ûntsnappen nei't Han in fleske 'coäxium', tige djoere romteskipbrânstof, efteroer drukt hat om foar harren ôfreis fan Corellia te beteljen. Nei in wylde efterfolging troch de Wite Wjirmen, dwers troch in skipswerf, witte se úteinlik de romtehaven te berikken, dêr't se it coäxium brûke om in dûanebeämte om te keapjen. Dyselde lit harren dan passearje, mar Qi'ra wurdt fuort neitiid finzen nommen troch ien fan harren efterfolgers, en Han wurdt fan har skaat troch in tichtklapte feilichheidsdoar. Hy hat gjin oare kar as om allinnich fierder te gean, mar hy swart dat er om har weromkomme sil. Mei't de trewanten fan frouwe Proxima him noch altyd sykje en om't er sûnder it coäxium gjin manear hat om foar passaazje op in romteskip te beteljen, beslút er him oan te melden foar militêre tsjinst by de romtemacht fan 'e Keizerlike Striidkrêften.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin