Springe nei ynhâld

Utapau

Ut Wikipedy
Utapau sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005).

Utapau is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise. De planeet waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it lêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Utapau is in ôfhandige wrâld yn it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e sektor Tarabba yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan 12.900 km, dy't him befynt op in ôfstân fan 51.000 ljochtjier fan 'e haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op 'e planeet Coruscant. In dei duorret op Utapau 17 oeren en in jier 351 dagen. It terrein is foar in grut part tige rotseftich, mei in protte berchtmen en withoefolle reuseftige sinkgatten, mar ek mei flakten en woastinen. Oerflaktewetter is tige krap en makket mar 0,9% fan it planeetoerflak út. Under it planeetoerflak befynt him lykwols in reuseftige ûndergrûnske oseaan, dy't tagonklik is fia de boaiemleaze sinkgatten.

De befolking fan Utapau telt 95 miljoen sielen, dy't foar it meastepart libje yn sydgrotten yn 'e âldere sinkgatten. Fan 'e bewenners fan 'e planeet bestiet 65% út Utai, 30% út Pau'anen en 5% út oaren, meast Amani en Sugi. De Utai en Pau'anen binne yntelliginte rassen fan bûtenierdske wêzens dy't lânseigen binne op Utapau; de Amani en Sugi binne ymmigranten fan oare wrâlden. Pau'anen binne lange, meagere humanoïden mei hege foarhollen en in grize hûdskleur dy't troch de Utai de "Oerâlden" neamd wurde, mei't se wol 700 jier âld wurde kinne. Hja hawwe it bestjoer oer de planeet yn 'e hannen. De Utai binne koarte, gnobsk boude humanoïden mei ferdraaide eagen, dy't de arbeidersklasse foarmje. It tinken is dat de beide rassen har ûntjûn hawwe út ien mienskiplike oarsprong, dy't foarme wurde soe troch in útlânsk ras fan bûtenierdske wêzens dat de planeet likernôch 57.000 jier lyn kolonisearre hat. Mei't der op Utapau gjin beammen groeie en der sadwaande dus gjin hout as boumateriaal foarhâns is, hawwe de Pau'anen en de Utai in unike arsjitektuer ûntwikkele dy't gebrûk makket fan 'e bonken fan deade bisten.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith wurdt Utapau yn it lêst fan 'e Kloane-oarloggen beset troch de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy't der in geheime legerbasis fêstiget. Generaal Grievous, de separatistyske opperbefelhawwer, flechtet nei Utapau as syn domdryste wraam op 'e Galaktyske haadstêd yn 'e Slach om Coruscant útrint op in fiasko. As de Hege Jedi Ried ûntdekt wêr't er beskûl socht hat, wurdt Jedi-master Obi-Wan Kenobi stjoerd om mei Grievous ôf te weven. Dat slagget, mar fuort letter furdiget kânselier Palpatine, dy't yn it geheim de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, Oarder 66 út, it foarprogrammearre befel oan 'e kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk om harren Jedi-ofsieren te fermoardzjen by wat bekend komt te stean as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. As de kloansoldaten dêr't er it befel oer fiert, har tsjin him keare, oerlibbet Obi-Wan dat troch himsels nei de boaiem fan in sinkgat falle te litten en ûndergrûnsk nei in oar sinkgat ta te swimmen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa