Springe nei ynhâld

Cassian Andor

Ut Wikipedy
Cassian Andor
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt ofsier, piloat, spion
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
K-2SO
Jyn Erso
geastlike heit John Knoll
ûntstean 2016

Cassian Andor (Ingelske útspr.: [ˈkæsiən ˈændɔɹ], likernôch: "kes-si-un en-dor") is in fiktyf minsklik personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yntrodusearre yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016). De geastlike heit fan it personaazje wie special effects-technikus John Knoll, dy't al yn 2003 de plot fan Rogue One betocht. Cassian Andor is in piloat en kaptein by en in spion foar it Rebelleferbûn. Troch syn superieuren wurdt er belêstge mei de útskeakeling fan 'e wittenskipper Galen Erso. Letter giet er mei dy syn dochter Jyn op in wanhopige misje om 'e blaudrukken te stellen fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. De rol fan Cassian waard yn 'e film spile troch de Meksikaanske akteur Diego Luna. Dyselde kroep fannijs yn 'e hûd fan it personaazje foar de live-action-spin-off-tillefyzjesearje Andor, dy't yn 2022 beskikber komt fia de streamingtsjinst Disney+.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) wurdt Cassian Andor yntrodusearre as in kaptein en ynljochtinge-ofsier fan it Rebelleferbûn, dy't al tsjin it diktatoriale Galaktysk Keizerryk fjochtet sûnt er seis jier wie. Op in romtestasjon dat yn Keizerlike hannen is, hat er in klandestine moeting mei in ynformant, Tivik. Dyselde fertelt him dat der koartby in Keizerlike frachtpiloat desertearre is, dy't op 'e planeet Jedha besiket oer te rinnen nei de ekstremistyske fersetsgroep fan Saw Gerrera. De piloat soe ynformaasje hawwe oer in topgeheim nij massaferneatigingswapen fan it Keizerryk, de Deadsstjer. As se trappearre wurde troch stoarmtroepers, sjit Cassian sawol de stoarmtroepers as Tivik dea om ûntdekking fan himsels foar te kommen, wêrnei't er wit te ûntsnappen om dit wichtige nijs oan syn superieuren oer te bringen.

Yn it haadkertier fan it Rebelleferbûn op 'e moanne Yavin-IV is Cassian letter tsjûge fan in moeting fan 'e rebellelieders mei de jonge frou Jyn Erso, dy't út in Keizerlik wurkkamp op Wobani befrijd is om tsjin har wil nei Yavin-IV oerbrocht te wurden. Senator Mon Mothma, de polityk liedster fan 'e rebellen, bepraat Jyn om te helpen by in twafâldige misje. Yn it foarste plak moat der kontakt lein wurde mei Saw Gerrera, dy't jierren lyn al brutsen hat mei it Rebelleferbûn. Om't Jyn troch him grutbrocht is, tinkt men mei har in kâns te hawwen dat Gerrera harkje sil nei wat se te sizzen hawwe foar't er it fjoer iepenet. Fierders moat Jyn har heit, de wittenskipper Galen Erso, dy't oan 'e Deadsstjer meiwurke hat, befrijd wurde sadat er de rebellen fan ynformaasje foarsjen kin oer it wapen. Cassian en K-2SO, in werprogrammearre gefjochtsandroïde fan 'e Keizerlike Striidkrêften, wurde der mei Jyn op út stjoerd om dat allegear te berêden. Ear't se ôfsette, nimt generaal Davits Draven Cassian lykwols apart en seit dat er ferjitte moat wat er oant no ta allegear heard hat. Galen Erso is neat oars as in kollaborateur, en de wiere misje is om him te likwidearjen foar't er it Keizerlik wapenprogramma noch fierder foarút helpe kin.

Cassian, Jyn en K-2SO bejouwe har nei Jedha, dêr't Gerrera en syn partisanen yn en om 'e Hillige Stêd hinne in guerriljastriid tsjin 'e Keizerlike stoarmtroepers fiere. As Cassian en Jyn harren yn 'e stêd bejouwe, reitsje se dêr ûnbedoeld behelle yn in oanfal fan Gerrera syn mannen op in Keizerlik konfoai. Dat kostet harren op in hier nei it libben, mar se wurde rêden troch de bline kriger Chirrut Îmwe, ien fan 'e lêste Beskermers fan 'e Whills (leden fan in monastyske oarder) en dy syn freon, de hierling Baze Malbus. Om't se de oanfal yn it hûndert jage hawwe soene, wurde se alle fjouwer finzen nommen troch de partisanen, dy't harren meinimme nei harren basis yn in grot in ein bûten de Hillige Stêd. Dêr wurde Cassian, Chirrut en Baze opsletten yn in sel njonken dy fan 'e desertearre piloat Bodhi Rook, wylst Jyn by Gerrera brocht wurdt.

Underwilens jout grut-moff Wilhuff Tarkin, dy't troch keizer Palpatine stjoerd is om tafersjoch te hâlden oer de frijwol foltôge Deadsstjer, oan Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma, opdracht om by wize fan test de Hillige Stêd op Jedha te ferwoastgjen. De proef is in súkses en de stêd wurdt mei berch en al yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne út en ferdylgje alle libben. De partisanen fan Gerrera reitsje alhiel yn ûnstjoer, en yn alle trelit witte Cassian en de oaren harrensels te befrijen. Cassian nimt kontakt op mei K-2SO, dy't by harren romteskip efterbleaun is. Hy fynt Jyn werom by Gerrera en nimt har mei, dêrby oanfitere troch Gerrera, dy't sels lykwols wegeret om mei. K-2SO arrivearret mei it romteskip en pikt Cassian, Jyn, Chirrut, Baze en Bodhi op, foar't se krekt op 'e tiid fan Jedha ûntkomme.

De oandiene Jyn fertelt letter oan har selskipslju dat Gerrera har in holografysk boadskip fan har heit sjen litten hat, dat Bodhi him brocht hie. Dêryn fertelde Galen dat er, ynstee fan fierder utering te jaan oan syn opstannigens, de lêste fyftjin jier war dien hat om sa hearrich mooglik te lykjen, om't er besefte dat de Deadsstjer sûnder syn help ek wol makke wurde soe. Ynstee hat er syn posysje brûkt om it Keizerryk te ûndermynjen troch mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Oan Jyn joech er opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Net ien hat der lykwols yn 'e gauwichheid fan 'e ûntsnapping om tocht om 'e bylddrager mei it boadskip mei te nimmen, dat it boadskip is ferlern gien yn 'e ferwoastging fan Jedha. Cassian foarseit dat Jyn sûnder de opname de lieders fan it Rebelleferbûn der nea fan oertsjûgje kinne sil om 'e misje nei Scarif yn omtinken te nimmen.

Bodhi liedt it rebelleteam nei de planeet Eadu, dêr't Galen Erso him befynt. Neffens Cassian is it no nammenste wichtiger om Jyn har heit te befrijen, sadat er sels de rebellelieders tasprekke kinne sil. Temûk is er lykwols noch altyd fan doel om Galen te fermoardzjen by de earste gelegenheid dy't him dêrta foardocht. Om't se ûnder de radar op Eadu binnenkomme wolle, fleane se te leech. Se reitsje in útstykjende rotspjuts en moatte by nacht en min waar in needlâning meitsje, dy't se aldergeloks allegear ûnskansearre oerlibje. Se ferlieze dêrtroch lykwols harren kommunikaasje mei de rebellebasis op Yavin-IV, mei as gefolch dat generaal Draven derfan útgiet dat se omkommen binne. Hy stjoert dêrop in squadron X-wjukjagers om 'e fasiliteit op Eadu te bombardearjen.

Wylst K-2SO de kommunikaasje-apparatuer reparearret, geane Cassian en Bodhi op ferkenning. Fan in hichte ôf sjogge se hoe't Galen Erso en de oare wittenskippers Krennic opwachtsje en ûnthelje. Cassian stjoert Bodhi fuort om in nij romteskip te stellen en kriget dêrnei Galen yn it fizier, mar op it lêste momint beslút er syn befel yn 'e wyn te slaan en de man net te fermoardzjen. Hy keart werom nei de oaren, mar ûntdekt dat Jyn der ûnderwilens op eigen manneboet op úttein is om har heit te warskôgjen, mei't se útfigelearre hat wat Cassian syn wiere opdracht is. K-2SO hat de kommunikaasje mei Yavin-IV reparearre en Cassian warskôget generaal Draven om 'e oanfal ôf te brekken om't der noch eigen personiel by it doelwyt oanwêzich is, mar de oanfal is al ynset en Draven kin it squadron net mear berikke. By it bombardemint rekket Galen fataal ferwûne. Jyn oerlibbet it ûnskansearre, mar se is der alhiel ôf as har heit neitiid yn har earms ferstjert. Cassian skuort har mei werom nei it Keizerlike frachtfear dat Bodhi stellen hat, wêrnei't se mei de rest fan 'e groep ûntkomme.

Werom op Yavin-IV slacht Jyn yn in gearkomste mei de lieding fan it Rebelleferbûn foar om 'e rebellefloat yn te setten foar in wraam op Scarif, om sa de blaudrukken fan 'e Deadsstjer te bemachtigjen. De rebellelieders binne lykwols ferdield en Mon Mothma stelt fêst dat se sûnder unanime stipe fan 'e oare lieders de misje net trochgean litte kin. Jyn is frustrearre troch de ûnwil fan 'e rebellelieders om har te stypjen, mar Chirrut, Baze en Bodhi bliuwe by har en Cassian komt mei in stik as tweintich oare frijwilligers oan, allegear yn 'e wol ferve rebellen dy't troch de jierren hinne dingen dien hawwe dêr't se net grutsk op binne. Se hawwe skjin har nocht fan it oanklauwen mei misjes dy't neat opsjitte en wolle noris wat dwaan dat it ferskil makket. De groep kaapt it Keizerlik frachtfear dat op Eadu bútmakke is en set dêrmei ôf tsjin 'e befellen fan 'e lieding fan it Rebelleferbûn yn.

Diego Luna spile de rol fan Cassian Andor yn Rogue One.

Se bejouwe har nei Scarif, dêr't it Keizerryk in ûntrochkringber enerzjyskyld om 'e hiele planeet hinne makke hat, mei mar ien poarte, dy't iepene en sletten wurde kin. Underwilens komt Krennic ek op Scarif oan om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer feilich te stellen. Nei't se op 'e tropyske planeet lâne binne, stelle Cassian en Jyn de unifoarmen fan inkele Keizerlike ofsieren dy't oan board komme om it fear te ynspektearjen. Yn 'e mande mei K-2SO ynfiltrearje se neitiid mei dy momkape it argyfkompleks. Chirrut, Baze en de rebellen fiere in koördinearre oanfal op it Keizerlik garnizoen út by wize fan ôfliedingsmaneuver. Dêrtroch wurde de stoarmtroepers dy't Cassian en Jyn it paad tichtsette, nei bûten ta stjoerd om 'e oanfal ôf te slaan.

Underwilens fangt it Rebelleferbûn op Yavin-IV kommunikaasje tusken Keizerlike troepen op dêr't yn sprutsen wurdt fan in rebelle-oanfal op Scarif. Mon Mothma beslút dat se foar in foldongen feit steld binne, en dat se no wol fjochtsje moatte. Admiraal Raddus is op dat stuit al oan board fan syn kruser om 'e float te risselwearjen foar in wraam op Scarif.

Cassian en Jyn geane it reuseftige Keizerlik Argyf binnen, wylst K-2SO efter bliuwt by de yngong om harren fia it kompjûtersysteem nei de juste data-opslach te lieden. Sadree't Krennic berjocht kriget dat de argyfklûs kompromittearre is, beseft er wêr't it de rebellen om te dwaan is. Hy stjoert daliks fersterkings nei it argyf ta. K-2SO wit gâns stoarmtroepers te deadzjen, mar lang om let wurde se him oermânsk. Hy offeret himsels op en wurdt ferneatige, mar net foar't er de argyfklûs fersegele en it kompjûtersysteem dat de klûs bestjoert, fernield hat. Jyn en Cassian helje de ynformaasjedrager mei de blaudrukken út 'e klûs en klimme dan by de rekken mei oare ynformaasjedragers op, fierder omheech yn 'e ûnbidich hege argyftoer. Krennic kringt de argyftoer fia in oare tagong binnen en besjit Cassian en Jyn. Cassian wurdt rekke, komt te fallen en stoart in ein nei ûnderen ta, dêr't er bewegingsleas lizzen bliuwt. Jyn klimt fierder nei boppen en ûntkomt út 'e toer troch in fentilaasjeskacht.

Se komt út by de grutte skûtelantenne, boppe-op 'e toer, dêr't se de ynformaasjedrager yn it kompjûtersysteem ynfiert. Om it ferstjoere te kinnen, moat se earst de rjochting oanpasse dy't de antenne útwiist. Tsjin 'e tiid dat se dat oprêden hat, berikt Krennic mei de lift it antenneplatfoarm. Dyselde hâldt fol dat hy wûn hat en risselwearret om Jyn dea te sjitten, mar hy wurdt sels fan efteren delsketten as in slim ferwûne Cassian it platfoarm berikt. Jyn ferstjoert de blaudrukken fan 'e Deadsstjer, dy't ûntfongen wurde op it ûnderwilens arrivearre flaggeskip fan admiraal Raddus. Frijwol daliks dêrnei ferskynt de Deadsstjer boppe Scarif. Grut-moff Tarkin lit it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer op 'e nij in skot mei lege yntinsiteit ôfsjitte, dat Scarif yn see rekket, in ein foarby it argyfkompleks. De skokweach is lykwols op 'e nij genôch om alle libben op 'e planeet te ferdylgjen. Cassian en Jyn, dy't yn 'e tuskentiid de toer ferlitten hawwe, sjogge it oankommen wylst se tegearre op it strân sitte. Se hâlde inoars hân fêst yn 'e lêste mominten foar't se stjerre.

Op 8 novimber 2018 waard oankundige dat der in live-actiontillefyzjesearje yn produksje nommen wie, dy't in spin-off wie fan 'e film Rogue One: A Star Wars Story. It gie om in prequelrige oer de aventoeren fan it personaazje Cassian Andor foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film. Akteur Diego Luna soe dêrfoar weromkeare yn 'e titelrol fan 'e searje, dy't Andor komme soe te hjitten. It wie de bedoeling dat de opnamen begjinne soene yn juny 2020, mar dat rûn bot fertraging op omreden fan 'e beheinings fan alles dy't ôftwongen waarden troch de koroanafiruspandemy. De opnamen setten lang om let yn desimber 2020 útein yn it Feriene Keninkryk.

Yn in fraachpetear fertelde Luna dat de searje likernôch fiif jier foar de foarfallen yn Rogue One spylje soe. Genevieve O'Reilly soe foar de searje fannijs yn 'e hûd krûpe fan Mon Mothma, de polityk liedster fan it Rebelleferbûn. Yn oare rollen waarden Stellan Skarsgård, Denise Gough, Kyle Soller en Adria Arjona cast. De searje sil yn it neijier fan 2022 beskikber komme fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono