Rose Tico
Rose Tico personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | monteur, militêr | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Finn BB-8 DJ | |
geastlike heit | Rian Johnson | |
ûntstean | 2017 |
Rose Tico is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja komt foar yn beide lêste films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't yn 2017 en 2019 makke waarden. It personaazje waard betocht troch Rian Johnson, de regisseur en senarioskriuwer fan it twadde diel, Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi. De mongoloïde Rose is in monteur en in lid fan it Ferset. Mei de âld-stoarmtroeper Finn giet se op in misje om 'e fersetsfloat te rêden fan 'e ferneatiging troch de Earste Oarder. It personaazje fan Rose waard yn beide films fertolke troch aktrise Kelly Marie Tran. Dyselde waard foar har rol nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste froulike byrol. Hja waard noch foar de premiêre fan The Last Jedi it doelwyt fan in lange rige rasistyske en seksistyske oanfallen op sosjale media. Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker wie de rol fan Rose troch regisseur J.J. Abrams werombrocht ta minime proporsjes, wat in wichtich punt fan krityk op dy film waard.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fiktive eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e roman Star Wars: The Last Jedi: Cobalt Squadron, fan Elizabeth Wein, út 2017, wurdt de eftergrûn fan Rose Tico fêststeld. Hja is berne op 'e planeet Lyts-Hays (Ingelsk: Hays Minor). Har âldelju binne Hue en Thanya Tico, en se hat in âldere suster dy't Paige hjit. Lyts-Hays, in ferearmoede mynbouplaneet, is ien fan 'e earste plakken yn it Stjerrestelsel dy't ta proai falle oan 'e him stadich útwreidzjende Earste Oarder, in faksistoïde steatsferbân dat de folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsel neistribbet. De susters Rose en Paige skypje troch de misdieden tsjin 'e befolking fan harren thúswrâld in duorjende hate foar de Earste Oarder. Se ûntsnappe fan Lyts-Hays en jouwe har by it Ferset. Rose wurdt dêr in monteur, dy't benammen oan ûnderhâld fan 'e X-wjukjagers en oare romteskippen docht, wylst Paige de piloate fan in bommesmiter wurdt.
Yn The Last Jedi
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), it twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, komt Paige Tico yn 'e iepeningssekwinsje om as se yn har bommesmiter by in efterhoedegefjocht de Fulminatrix, in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder, ferneatiget. Dêrtroch kin de rest fan it Ferset ûntkomme fan 'e basis op 'e planeet D'Qar, wêrfan't de lokaasje by de Earste Oarder bekend rekke wie. De romteskippen fan it Ferset ûntsnappe nei de hyperromte en wane har feilich, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele wêrmei't skippen sels troch de hyperromte hinne folge wurde kinne. In heale minút nei't de fersetsfloat op in hiel oar plak de reële romte wer ynkomt, arrivearret dêr ek de float fan 'e Earste Oarder, dêr't him ûnderwilens it reuseftige skip by jûn hat fan opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder. Nei't by in nije oanfal fan 'e Earste Oarder hast de hiele lieding fan it Ferset omkomt, nimt fise-admiraal Holdo it befel oer.
It is dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder harren gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne lykwols flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in efterfolging mei in legere faasje as dy fan it ljocht, mar dat kin net mear as in pear dagen duorje foar't it Ferset troch de branje hinne is.
Rose Tico wurdt yn 'e film yntrodusearre as se oan board fan 'e kruser Raddus, it flaggeskip fan it Ferset, roujend om har suster Paige op wacht stiet by de rêdingskapsules om desersje tsjin te kearen. De âld-stoarmtroeper Finn beslút dat it tiid is om út te piken, dat hy pakt syn spul en glûpt nei de rêdingskapsules ta. Krekt as er ynstappe wol yn ien dêrfan, wurdt er trappearre troch Rose. Finn besiket har te mislieden oer syn bedoelings, mar Rose lit har net bedrage en skeakelet him út mei in stroomstjitwapen.
Nei dy minder as gâns ûnthjittende moeting reitsje Finn en Rose oan 'e praat en betinke se in plan om 'e fersetsfloat te rêden. It apparaat wêrmei't de Earste Oarder it Ferset troch de hyperromte folget, is allinne op it skip fan Snoke oanwêzich. Finn wit wêr't it is, en Rose hat de technyske knowhow om it út te skeakeljen. Wat se misse is in koadebrekker om harren tagong te ferskaffen ta de romte mei it apparaat. In holografysk petear mei fersetssympatisante en horekaûndernimster Maz Kanata ferwiist harren datoangeande nei in gokker yn it kasinoresort Canto Bight, dy't in reade blom op it revêr fan syn kolbêrjaske draacht. Mei help fan kaptein Poe Dameron en luitenant Kaydel Ko Connix pike Finn en Rose mei Dameron syn robot BB-8 út by de float wei en sette troch de hyperromte koers nei Canto Bight.
Dêre oankommen, lânje Rose, Finn en BB-8 harren romtefear op in iepenbier strân, wat blykber tsjin eltse pleatslike regel yngiet. Se sykje alle kasino's ôf nei de koadebrekker mei de reade blom, mar krekt as se him einlings sjogge, wurde Rose en Finn troch de plysje mei in stroomstjitwapen oermastere en foar foutparkearjen ôffierd nei it pleatslike tichthûs. Dêr wurde se yn ien sel set mei de hacker DJ, dy't oanbiedt harren koadebrekker te wêzen. Rose en Finn stegerje syn oanbod ôf, mar binne likegoed ûnder de yndruk as DJ himsels (en harren) muoiteleas út 'e sel lit. Se geane ferskillende kanten út, en DJ komt BB-8 tsjin, dy't op eigen manneboet in befrijingsaksje foar Rose en Finn begûn wie. Rose en Finn besykje werom te gean nei it kasino, mar krije al rillegau de plysje wer efter harren oan. Mei de help fan in keppel fathiers, semy-yntelliginte racedieren dy't troch harren eigners mishannele wurde, en de minskebern dy't de bisten fersoargje, witte se te ûntkommen nei it strân. Harren romtefear wurdt troch de plysje oan grôt sketten, en fierderop reitsje se ynsletten oan 'e top fan in heech klif. Se wurde rêden troch DJ en BB-8, dy't tegearre in romteskip stellen hawwe.
Rose, Finn, BB-8 en DJ komme tanksij de kwaliteiten fan DJ ûngemurken oan board fan it skip fan opperste lieder Snoke. Se witte de romte te berikken fan it apparaat wêrmei't de fersetsfloat troch de hyperromte folge wurdt, mar wurde dêr trappearre troch Finn syn eardere befelfierend ofsier, kaptein Phasma, en yn 'e hechten nommen. DJ hat Dameron oer in radioferbining tsjin Finn sizzen heard dat de opfarrenden fan 'e Raddus, it lêst oerbleaune romteskip fan it Ferset, harren kruser yn kamûflearre transportskippen ferlitte sille om nei de planeet Crait te flechtsjen, dêr't se deun lâns komme. Hy keapet no syn frijheid troch dy plannen te ferrieden oan generaal Hux, dy't it befel oer de float fan 'e Earste Oarder fiert.
Phasma jout opdracht oan har stoarmtroepers om Finn en Rose stânrjochtlik te eksekutearjen. Ear't dat barre kin, raamt fise-admiraal Holdo by in selsmoardaksje de Raddus mei ljochtfaasje yn 'e float fan 'e Earste Oarder, dy't dêrby swier skansearre rekket. It flaggeskip fan Snoke brekt midstwa. Yn 'e gaos wit BB-8 Finn en Rose te befrijen. Tegearre befjochtsje se de stoarmtroepers dy't har deadwaan woene en wurde dyselden oermânsk. Finn ferslacht dêrby kaptein Phasma, foar't hja oer de râne fan in gat yn it swier skansearre skip rûgelet en yn 'e djipte yn 'e flammen fan in brân har lot fynt.
Rose, Finn en BB-8 ûntkomme yn in romtefear nei de planeet Crait, dêr't de lêste 400 leden fan it Ferset beskûl fûn hawwe yn in âlde rebellebasis út 'e tiid fan 'e Galaktyske Boargeroarloch, yn it binnenste fan in berch oan 'e útein fan in útstrutsen sâltflakte. It romtefear fan Rose-en-dy makket in needlâning dy't harren krekt op 'e tiid yn 'e basis bringt foar't de massive feilichheidsdoar tichtgiet. Behalven de fersetslju hawwe yn 'e basis ek guon foks-eftige wêzens beskûl socht, dy't fan kristal makke lykje te wêzen en lânseigen op 'e planeet binne. De reuseftige feilichheidsdoar blykt de iennichste yn- en útgong te wêzen. Sith-ridder Kylo Ren en generaal Hux liede in oanfal mei AT-AT's en in belegeringskanon dat troch de feilichheidsdoar hinne komme kin. Dameron beslút mei in kloft fersetslju, ûnder wa Rose en Finn, de fijân oan te fallen mei ferâldere lângliders dy't tritich jier efter de tiid binne en troch gebrek oan ûnderhâld suver útinoar falle. It slagget harren net en kom ticht genôch by it belegeringskanon om dat te sabotearjen. Finn wol de oanfal likegoed trochsette, mar Rose komt foar dat er syn libben opofferet, om't se, sa seit se, de striid net winne sille troch dejingen te deadzjen dy't se haatsje, mar troch dejingen te rêden fan wa't se hâlde.
Wannear't de Earste Oarder mei it belegeringskanon troch de feilichheidsdoar hinne brekt, ferskynt ynienen Jedi-ridder Luke Skywalker op it toaniel. Hy daget syn omkesizzer Kylo Ren út en hâldt dêrmei de oanfal fan 'e Earste Oarder op. Underwilens liede de kristallen foksen de fersetslju nei in útgong fan 'e basis, dy't lykwols tichtset is troch in ynstoarting wêrby't reuseftige rotsblokken delkommen binne. De kristallen wêzens kinne troch in lyts gatsje ûntkomme, mar de fersetslju sitte fêst. De jonge Jedi Rey arrivearret mei Chewbacca yn 'e Millennium Falcon en brûkt de Krêft om 'e rotsblokken fansiden sweve te litten. Finn en alle oare fersetslju kinne dan de basis ferlitte en ûntkomme yn 'e Millennium Falcon.
Yn The Rise of Skywalker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) hie Rose in folle lytsere rol. Yn it jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi is se opkommen troch de rangen fan it Ferset en hat se sadwaande in liedingjaande funksje krigen as haad fan it sjenykorps. De hiele film troch is se stasjonearre op 'e fersetsbasis op Ajan Kloss. Wannear't Rey, Finn, Poe Dameron, BB-8 en C-3PO ôfsette op in misje om 'e twadde 'weifiner' op te spoaren, in apparaat dat it paad wiist nei de ferburgen Sith-wrâld Exegol, dêr't de wer út 'e dea opstiene keizer Palpatine in reuseftige float stjerreslachskippen opboud hat, freget Finn oan Rose om mei harren te gean. Rose slacht dat oanbod ôf om't generaal Leia Organa har opdracht jûn hat om 'e spesifikaasjes fan Keizerlike stjerreslachskippen te bestudearjen.
Letter is Rose oanwêzich by de klimaktyske Slach by Exegol tusken it Ferset en syn bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de Lêste Oarder fan 'e Ivige Sith oan 'e oare kant. Dêrby nimt se, yn 'e mande mei û.o. luitenant Kaydel Ko Connix, oan board fan it fersetsskip Resurgent diel oan 'e oanfal op 'e navigaasjetoer fan 'e Ivige Sith. Rose kommunisearret ûnder de slach mei Finn en Jannah, de oanfierster fan in kloft desertearre stoarmtroepers dy't Finn op 'e moanne Kef Bir oppikt hat. Dêrby jout Rose utering oan har noed om harren feilichheid as de striid oanboazet. Se oerlibbet de slach en keart neitiid mei de oare oerlibjende fersetslju werom nei Ajan Kloss om 'e oerwinning te fieren.
Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rol fan Kelly Marie Tran as Rose Tico waard nei de premiêre fan Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi sawol troch fans fan 'e Star Wars-franchise as troch filmkritisy oer it algemien tige posityf ûntfongen. Ferskate resinsinten omskreaune it as in trochbraakrol, en kritikus Mark Kermode fan 'e Britske krante The Observer neamde har "fuortendaliks in favoryt fan 'e fans". Guon kritisy dy't net folle fan The Last Jedi hawwe moasten, wiene lykwols dochs goed te sprekken oer Tran har fertolking fan 'e rol fan Rose Tico. Ferskaten woene hawwe dat it personaazje fan Rose in posityf rolmodel foar net-blanke froulju wie. Tran waard foar har rol nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise.
De stevich boude, mongoloïde Tran, dy't fan Fjetnameesk komôf is, krige nei it bekendmeitsjen fan har casting yn The Last Jedi te lijen ûnder in rasistyske en seksistyske haatkampanje op 'e sosjale media, dy't it wurk wie fan in lytse groep ynternettrollen, ûnder wa ynternetpersoanlikheid Paul Ray Ramsey. Dêrby waard se oan ien wei troch misledige omreden fan har etnisiteit en lichemsgewicht. Dat rûn sa út 'e klauwen dat Tran har op 't lêst twongen fielde om har Instagramaccount te wiskjen en op te sizzen. Ek moast se psychologyske help sykje. Yn reäksje skreau Tran in essay mei as titel Kelly Marie Tran: I Won't Be Marginalized by Online Harassment ("Kelly Marie Tran: Ik Lit My Net Oan 'e Kant Sette troch Online-Narjen"), dat op 21 augustus 2008 yn The New York Times ôfprinte waard.
Ferskate leden fan cast en crew fan The Last Jedi ferdigenen Tran, ûnder wa de akteurs John Boyega (Finn), Domhnall Gleeson (generaal Hux) en Mark Hamill (Luke Skywalker), en regisseur Rian Johnson. Boyega identifisearre de ynternettrollen dêrby as rasisten en bodyshamers. Hamill poste in foto fan himsels mei Tran mei it ûnderskrift "Wat kinst hjir no op tsjin hawwe?" en de hashtag #GetALifeNerds ("sykje in libben, sukkels"). Johnson neamde de trollen "sielige figueren" en wiisde derop dat se "in stikmannich sike minsken" fertsjintwurdigen, mar beslist net "de grutte mearderheid" fan 'e Star Wars-fans. De wierheid fan dy bewearing waard bewiisd doe't echte fans fan 'e franchise op 'e sosjale media de spontane aksje drown out the manbabies ("oerstim de sielige figueren") begûnen, wêrby't in Twitterberjocht ta stipe fan Tran op ien dei 20.000 kear retweet waard.
Yn 2019, doe't Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker útkaam, die bliken dat Rose Tico yn dy 142 minuten duorjende film mar 1 minút en 16 sekonden yn byld wie, folle minder as de 10 minuten en 53 sekonden byldtiid dy't se yn The Last Jedi hân hie. In protte filmkritisy likegoed as fans sprieken dêr skande fan en seagen it as it op har winken betsjinjen troch regisseur J.J. Abrams fan 'e lju dy't Tran op 'e sosjale media tenei kommen wiene. It waard ien fan 'e gruttere kritykpunten op The Rise of Skywalker, mei't it opfet waard as hiene de rasisten en ynternettrollen har sin krigen. Neffens senarioskriuwer Chris Terrio hie it lykwols eins te krijen mei de swierrichheden fan it gearbringen fan safolle ferskillende ferhaallinen. Der soe oarspronklik in gruttere rol foar Rose pland west hawwe, yn sênes dêr't ek Leia Organa yn foarkaam. Dyselde waard spile troch Carrie Fisher, dy't yn desimber 2016, noch foar't de opnamen foar The Rise of Skywalker úteinsetten, hommels kommen wie te ferstjerren. Neitiid wie it de bedoeling om special effects te brûken foar de sênes mei Leia, mar it die bliken dat de kwaliteit dêrfan net goed genôch wie, sadat se by de filmmontaazje fuortknipt waarden. Dêrmei soe ek de gruttere rol fan Rose ferlern gien wêze.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |