Bad Nijeskâns
Bad Nijeskâns | ||
De Haadwacht yn de Voorstraat (2008) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.285 (2023) [1] | |
Oerflak | 1,97 km² wêrfan lân: 1,81 km² wêrfan wetter: 0,16 km² | |
Befolkingsticht. | 652 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' N 7° 12' E | |
Kaart | ||
Bad Nijeskâns (Nederlânsk en offisjeel: Bad Nieuweschans; Grinslânsk: (Nij) Schaanze; Dútsk: Bad Neuschanz, yndertiid ek Langeakkerschans), yn de folksmûle noch meastentiids Nijeskâns neamd[2] en, oant maart 2009 offisjeel Nieuweschans hjitten, is in grinsplak en kueroarde yn de gemeente Aldamt yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It is de meast noardlik lizzende grinsoergong fan Nederlân. Oant 1990 foarme Nijeskâns in selsstannige gemeente. Op 1 jannewaris 2019 hie Nijeskâns 1345 ynwenners.[3]
Ut reden fan de protte histoaryske gebouwen is it doarp in beskerme doarpsgesicht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch oerstreamings binne yn de 14e en 16e iuw grutte lapen lân troch de Doalert ferswolge. Sûnt dy tiid waard úteinsetten mei it weromdriuwen fan de see, troch ynpoldering en it befoarderjen fan oanslykjen. Dêrtroch waard ek it strategysk wichtige grinsgebiet útwreide. De Nije- of Lange-ikkerskâns waard oanlein yn 1628, yn de Tachtichjierrige Kriich, doe't it plak noch oan de Doalert lei.
Dy nije skâns wie in ûntwerp fan ynzjenieur Matthijs van Voort en krige de foarm fan in regelmjittige fiifhoeke mei bastions, mei wâlen en in grêft rûnom. De skâns krige in regelmjittich strjittepatroan mei yn de midden in eksersysjeterrein. Benoarden waard in slûs oanlein om it gebiet ûnderstrûpe litte te kinnen (ynundaasje). Yn de 17e en 18e iuw waard de fêsting noch fierder fersterke en útwreide.
Troch ynpolderjen kaam de skâns hieltyd fierder it lân yn te lizzen en ferlear it syn betsjutting. Yn 1815 waard de fêsting ferlitten troch it garnizoen en yn 1870 waard by Keninklik Beslút bepaald dat Nijeskâns gjin fêsting mear wie. Yn 1882 waarden de fêstingwurken oersljochte en de grêften tichtsmiten. Nei it oanlizzen fan it spoar fêstige der it meast lânbouyndústry har yn de omkriten.
Yn de Twadde Wrâldkriich kamen de treinen út Kamp Westerbork ûnderweis nei de ferneatigingskampen (fral yn Poalen), oer Nijeskâns. Dêr waard it Nederlânske treinpersoniel ferfongen troch in Dútske bemanning.
Yn de santiger jierren is de festing rekonstuearre en sûnt 1974 is de kearn fan it doarp beskerme.
Yn 1985 waard it kueroard Fontana iepene nei sâlt wetter, mei in soad oare mineralen, ûntdutsen wie op in djipte fan 630 meter. Dat kueroard luts yn 2008 sa'n 180.000 minsken, dat de gemeenterie fan Reiderlân gie op 12 novimber 2008 akkoard mei de nammeferoaring fan it doarp yn Bad Nieuweschans, op 1 april 2009 waard it beslút goedkard troch it Ministearje fan Ynlânske Saken. It taheakjen fan 'Bad' (fan it Aldheechdútske 'bat' foar "waarm baaie") moast mear Dútske besikers nei Fontane lûke.
Ekonomy en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bad Nijeskâns hat de kartonfabryk fan Kappa Triton Solid Board. It fabryk ûntstie yn 1888 as de Striekartonfabryk De Dollard, mar sûnt 1975 wurdt âld papier as grûnstof brûkt.
It stasjon Nijeskâns leit feitlik yn Aldesyl, in buorskip oan de oare kant fan de Westerwâldske Aa. Aldesyl wurdt no by Bad Nijeskâns rekkene. Hamdyk en Boneskâns binne buorskippen besuden Bad Nijeskâns.
De A7 út Grins slút hjir oan op de Bundesautobahn 280/A280 by Bunde yn Dútslân. Yn 2002 waard it spoar Nijeskâns – Lier (East-Fryslân) fannijs iepene.
Bad Nijeskâns is oer it wetter te berikken fia de Westerwâldske Aa en it B.L. Tijdenskanaal dat krekt besuden it doarp yn de earstneamde mûnet. Beide kanalen wurde brûkt troch de plezierfeart. De Westerwâldske Aa ferbynt Bad Nijeskâns troch de Doalert en de Iems mei de Waadsee.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Haadwacht komt út 1631 en is oan de Voorstraat. Fierder binne der ek in tal monumintale wenhuzen oanwêzich.
- De âlde remise is in eardere lokomotyfloads út 1876, dy't noch goed werom te kennen is. Oant 2016 wiene der it Grand Café en Kulturele Pleisterplak "De Oude Remise", in toeristysk ynformaasjepunt en in archeologysk ynformaasjepunt ûnderbrocht.
- De Nederlânsk-Herfoarme Garnisoenstsjerke fan Bad Nijeskâns komt út 1751 en wie ea brûkt as garnisoenstsjerke.
- Alde synagoge en de Joadske begraafplak
- Fêstingmuseum oan de 1e Kanonnierstraat 2.
- Eardere maresjausseekazerne. Dêr binne ûnder oaren in útstallingsromte, in atelier en B&B fêstige.
- Bad Nijeskâns telt 46 ryksmonuminten.
-
Klapbrêge oer de Westerwâldske Aa
-
Nieuwe-Schans op topografyske kaart fan 1933
-
Garnizoenstsjerke fan Nijeskâns (2006)
-
De Westerwâldske Aa by Bad Nijeskâns (2007)
-
De âlde remise (2012)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |