Springe nei ynhâld

Bib Fortuna

Ut Wikipedy
Bib Fortuna
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Twi'lek
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt krimineel, slavekeapman,
majordomo
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Jabba de Hutt
Boba Fett
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1983

Bib Fortuna is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in bûtenierdske krimineel en de majordomo fan 'e gangster Jabba de Hutt. Bib Fortuna waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983).

Kreaasje en fertolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bib Fortuna waard as personaazje skepen troch George Lucas en senarioskriuwer Lawrence Kasdan. Syn uterlik waard staljûn troch Phil Tippett, op basis fan eardere sketsen fan yllustrators Nilo Rodis-Jamero en Ralph McQuarrie. Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi waard de rol fan Fortuna spile troch Michael Carter (fysyk) en Erik Bauersfeld (stim). It naam acht en in heale oere yn beslach om Carter op te meitsjen as Fortuna. Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace en de tillefyzjesearjes The Mandalorian en The Book of Boba Fett waard Fortuna portrettearre troch Michael Wood. It personaazje fan Bib Fortuna komt ek foar yn ferskate romans, strips en fideospultsjes fan 'e Star Wars-franchise.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bib Fortuna is in Twi'lek, ôfkomstich fan 'e planeet Ryloth. Hy wurdt ôfskildere as de glûpske majordomo fan 'e gangster Jabba de Hutt. Hoewol't der yn 'e Star Wars-films net folle oer him bekendmakke waard, is yn oare wurken út 'e franchise syn eftergrûn fêstlein. Foar't er by Jabba de Hutt yn 'e tsjinst kaam, wie Fortuna behelle yn 'e yllegale slavehannel, in misdriuw wêrfoar't er op Ryloth ta de deastraf feroardiele waard. Hy wist lykwols te ûntkommen. Neitiid klaude er him yn ballingskip op Tatooine omheech yn it misdiesyndikaat fan Jabba de Hutt. Syn ferskining as Jabba syn majordomo yn The Phantom Menace (dat goed tritich jier foar Return of the Jedi spilet) makket dúdlik dat er dy posysje teminsten trije desennia lang beklaaid hat.

Yn it companionboek Ultimate Star Wars (2015) wurdt ferteld dat Fortuna ek ferwantwurdlik wie foar de ûntfiering fan 'e grienhûdige Twi'lek-faam Oola, dy't er neitiid oan Jabba presintearre as slavinne en stripper. (Hja is koart te sjen yn Return of the Jedi as Jabba har oan syn rancor opfuorret.)

Hoewol't Fortuna uterlik in slaafske trou oan Jabba toant, fielt er eins neat oars as minachting foar syn master, en op it stuit dat Jabba yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi deadien wurdt troch prinsesse Leia, is Fortuna behelle yn fiergeande plannen om syn master út 'e wei te romjen en syn kriminele organisaasje oer te nimmen. Hoewol't de film it lot fan Fortuna blau-blau lit, oerlibbet er neffens de Star Wars-kanon de foarfallen yn Return of the Jedi, dat it pakt foar him allegear kreas út. Hy makket neitiid syn dream wier troch it plak fan syn eardere master yn te nimmen, en ek noch sûnder dat er dêrfoar sels smoarge hannen meitsje hoegen hat.

Yn 'e tillefyzjesearje The Mandalorian keart Bib Fortuna fiif jier nei de foarfallen yn Return of the Jedi werom yn in sêne nei de ôftiteling fan 'e ôflevering Chapter 16: The Rescue. Dêryn wurdt er ôfskildere as de nije eigner fan it haadkertier anneks paleis fan Jabba de Hutt, dêr't er yn 'e tuskentiid syn eigen ynrjochting oan jûn hat. Hy is lykwols obees wurden en hat eigen slavinnen by him, sadat er eins ek in soarte fan mindere kopy fan Jabba wurden is. De preemjejager Boba Fett kringt mei syn partner Fennec Shand it paleis binnen en sjit Fortuna dea, wêrnei't er sels plaknimt op 'e troan fan Jabba. Deselde foarfallen wurde yn mear útwreide foarm sjen litten yn 'e ôflevering Chapter 4: The Gathering Storm, fan 'e searje The Book of Boba Fett.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono