Springe nei ynhâld

Damjen

Ut Wikipedy
Damspul begjinopstelling

Damjen is in spul dat op in boerd spile wurdt. It boerd bestiet út 100 fakjes, fjilden neamd, yn 10 rigen fan 10, wêrby de fjilden ôfwikseljend wyt en swart binne. It spul wurdt spile mei damskiven. Dat binne rûne skiven dy't meastal fan hout binne.

Fan âlds wurdt der yn Fryslân in soad damme. Yn it seizoen 1973/1974 wienen sa'n 1500 dammers by in klup oansluten. Yn 1968 ferovere Piter Bergsma as earste Fries it Nederlânsk Kampioenskip. Harm Wiersma werhelle dizze prestaasje yn 1972 en 1974. Mei ûnder ynfloed fan de prestaasjes fan jeugdige dammers ûntstie ek by de jeugd belangstelling. Jannes van der Wal krige lanlike bekendheid.

Yn Fryslân wurdt op twa manieren damme: it "Frysk Spul" en it "Poalsk Spul" dat ek rûnom yn Nederlân spile wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: