KGB
KGB is de ôfkoarting fan de Russyske namme Komitet Gosoedarstvennoj Bezopasnosti (Комитет Государственной Безопасности), oftewol Komitee foar Steatsfeilichheid. De KGB wie de belangrykste feilichheids- en ynljochtingentsjinst fan de Sovjet-Uny, fergelykber mei de CIA yn de Feriene Steaten (oanfold mei de taken op it mêd fan kontraspionaazje en binnenlânske feilichheid fan de FBI) en de AIVD yn Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De KGB waard ûnder dizze namme opjochte yn 1953 as it 'skyld en swurd' fan de kommunistyske partij - wat ek yn it embleem fan de tsjinst ta útdrukking kaam - en bestie oant de ein fan de Sovjet-Uny yn 1991. De tsjinst, dy't in opfolger wie fan eardere soartgelikense organisaasjes bekend ûnder de nammen Tsjeka, GPU, NKVD en MVD, wie belêste mei spionaazje, it ûntfytmanjen fan geheime ynformaasje út net-kommunistyske lannen (benammen de F.S.), de likwidaasje fan net-kommunistyske persoanen ( útfierd troch Ofdieling V , de ultrageheime ôfdieling foar moard en sabotaazje ) en it útbannen fan antikommunistyske eleminten. Dêrneist wie de KGB ek ferantwurdlik foar de feilichheid fan partijfunksjonarissen en steatslju fan de USSR.
De KGB is meiferantwurdlik west foar echte steatsterreur útfierd tsjin dissidinte skriuwers, joadske yntellektuelen, gelearden en oarstinkenden (katolike en otterdokse preesters en religieuzen). Dêrby waard gjin middel - hoe leech ek - mijd om dizze net-kommunisten dwers te sitten, te efterfolgjen, te fermoardzjen of thús binnen te fallen foar in "ûndersyk" nei steatsgefaarlike aktiviteiten. Wa't as dissidint wegere him te konformearjen oan it kommunistyske gedachtegoed, koe opsluten wurde yn in psychiatryske klinyk. Wer oaren waarden út in skriuwersbûn stjitten fanwege ûnderstelde anty-kommunistyske motiven. Wa't ek mar de skyn tsjin hie, koe mei de KGB te krijen krije. De KGB levere it apparaat foar de steatsûnderdrukking fan de Sovjet-boarger en de partij-elite yn Moskou makke dankber gebrûk fan dizze KGB-macht.
Nei it útinoarfallen fan de Sovjet-Uny yn 1991 waard de KGB ferfongen troch de FSK, dy't yn 1995 wer ferfongen waard troch de Federale Feilichheidstsjinst (FSB), de hjoeddeiske feilichheidstsjinst fan Ruslân. De presidint fan Ruslân, Vladimir Poetin, begûn syn karriêre yn 1975 by de KGB (doe't de lettere sekretaris-generaal fan de USSR Joeri Andropov haad fan de KGB wie) en waard letter haad fan de FSB.
De KGB bestie út in oantal Haaddirektoraten en ûnderôfdielingen dy't allegear in spesifike taak hienen. Mids jierren '70 waarden de ûndersteande direktoraten en ûnderôfdielingen ûnderskieden, mei de opmerking dat de list hjirûnder lang net folslein is:
- Earste Haaddirektoraat mei 16 Ofdielingen en 3 ûnderdirektoraten. Dizze ôfdieling wie ferantwurdlik foar alle klandestine operaasjes yn it bûtenlân. Dit Direktoraat bestie û.o. út de ôfdieling V en A (V=Moard/sabotaazje en A=Ofdieling Desynformaasje). Tsien ûnderôfdielingen fan it Earste Haaddirektoraat wienen de Geografyske difyzjes. Sa foel de Bûnsrepublyk Dútslân ûnder de 4e Ofdieling fan it Earste Haaddirektoraat en Nederlân (tegearre mei Belgje en Lúksemboarch) ûnder de 5e Ofdieling.
- Twadde Haaddirektoraat mei 12 Ofdielingen. Fan dizze tolve wienen der 6 belêste mei it korrumpearjen fan Westerske diplomaten.
- Fiifde Haaddirektoraat yn 1969 oprjochte troch it Politburo om Dissidinsje en dissidinte yntelligintsia te bestriden en út te rûgjen. Yn dit Haaddirektoraat wie ek in (anty)Joadske ôfdieling aktyf. De ûnderôfdielingen (de 5e 6e 7e 8e en 9e ûnderôfdieling) wienen ôfkomstich fan de tsjinst Politike Feilichheid.
- Haaddirektoraat Grinstroepen. Bestie út in eliteleger fan lân- en seemacht en wie sa'n 300.000 man sterk. Bedoeling fan dit Haaddirektoraat wie dúdlik: it binnen hâlden fan alle Sovjet-boargers. De grinstroepen wienen spesjaal oplieden om flechtende Sovjets te pakken te krijen.
- Haaddirektoraat Striidkrêften.
- Haaddirektoraat Technyske Operaasjes, befetten de ûndersykslaboratoria en gelearden. Hja wienen ferantwurdlik foar it ûntwikkeljen fan wapens, gemikaliën, en fergifsoarten dy't tsjin politike opponinten ynsetten waarden.
- It Direktoraat Personielssaken
- It Direktoraat Administraasje.
- It Sânde Direktoraat Surveillance. Hjir waarden aginten oplieden yn it skaadzjen fan persoanen. Binnen dit Direktoraat wienen wer 12 ôfdielingen te ûnderskieden.
- It Direktoraat Kommunikaasje. Omfettet alles wat mei elektroanyske spionaazje te krijen hie ( satelliten, Russyske "fiskerskippen" ) en het opstellen fan bepaalde koades.
- It Direktoraat Liifwachten. Dizze wie ferantwurdlik foar de beweitsing en befeiliging fan politike pommeranten en partijlieders fan it doedestiidske Politburo.
- Ofdieling Bysûnder Undersyk. Dizze ôfdieling wie belêste mei it ûndersyk nei mooglik ferrie of spionaazje binnen eigen ûnderdielen.
- Ofdieling foar fergeliking Operasjonele Underfining. Dizze ôfdieling wie ferantwurdlik foar it bestudearjen fan ynljochtingenoperaasjes wêrút nuttige lessen lutsen wurde koene.
- Ofdieling Steatskommunikaasje. It giet hjir oer saneamde ferbiningstroepen.
- Ofdieling Beweitsing. Weitsers dy't de offisjele gebouwen fan de KGB bewekken.
- Ofdieling Finânsjes. Hjir waarden de salarissen en operasjonele fûnsen beheard.
- Ofdieling Registraasje en Argiven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References, Sources en Further Reading op dizze side. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory KGB fan Wikimedia Commons. |