Job (bibelboek)
Job | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | אִיּוֹב ("Iyyoḇ") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 6e – 4e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Ester | |
● folgjend diel | Psalmen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Job | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Job, yn it oarspronklike Hebriuwsk: אִיּוֹב, Iyyoḇ, is in boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Ḵeṯuḇim, de Geskriften, en is it it 16de boek (fan 24); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Poëzij en Wiisheid en is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 18de boek (fan 39). Yn Job wurdt it ferhaal ferteld fan in fromme man, dy't tramtearre wurdt troch de duvel, mar dochs trochgiet mei te fertrouwen op God. It bestiet út in didaktysk gedicht dat omjûn wurdt troch in ynlieding en in epilooch fan proaza. It doel fan it boek is om 'e lêzer in foarbyld te stellen fan hoe't er syn libben liede moatte soe. Hoewol't de talmoedyske tradysje hawwe wol dat Job skreaun is troch de profeet Mozes, datearje hjoeddeiske bibelwittenskippers en teologen it tusken de sechsde en de fjirde iuw f.Kr. Al is it boek mei sin sa redigearre dat der in sterk gearhingjend doel en boadskip út sprekt, dochs soe it bêst ris kinne dat guon fan 'e ûnderskate eleminten dêr't it út opboud is, foartiid in selsstannich bestean kend hawwe. De earste folsleine Fryske oersetting fan Job stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boek Job ferhellet fan in bysûnder rjochtskepen man dy't fan Job hjit. Hy kin it tige goed dwaan en hat sân soannen en trije dochters. Yn 'e himel fynt der in diskusje plak tusken God en Satan oangeande de fraach oft Job no wier sa from is, of dat dat inkeld komt om't it him sa goed giet. Dêrop jout God Satan tastimming om Job syn weardigens te beproevjen. Under op 'e ierde merkt Job dêr pas wat fan as alle ûnheilstyngen him sawat tagelyk berikke: al syn oksen wurde stellen troch de Sabeeërs en de oppassers fermoarde; al syn lytsfee en de oppassers dêrfan komme om by in brân dy't feroarsake wurdt troch in wjerljochtslach; al syn kamielen wurde rôve troch de Galdeeërs en de oppassers deaslein; en al syn tsien bern komme om as it hûs dêr't se yn ferkeare, troffen wurdt troch in wynhoas. Lykwols ferflokt Job God net. Ynstee skuort er himsels ta teken fan rou de klean stikken en skeart er syn holle keal. Hy seit "Neaken-en-bleat bin ik op ierde kommen, neaken-en-bleat gean ik dêr wer hinne; de Heare hat jûn, de Heare hat nommen, de Namme fan de Heare bliuwt te priizgjen!"
As Satan dy wurden heart, giet er wer nei God ta en merkt er op dat Job no wol syn besittings en bern kwyt is, mar dat himsels noch neat oerkommen is. Dan jout God tastimming om alles mei Job te dwaan dat de duvel mar wol, útsein him te deadzjen. Satan makket dan dat Job freeslike swolms kriget oer it hiele liif, en Job sit yn 'e jiske en jûket him mei in potdiggel. Syn frou trunet him oan om God te ferflokken, mar Job seit: "Soene wy it goede al fan de Heare oannimme en it kweade net?" Trije fan Job syn freonen, Elifaz de Temanyt, Bildad de Sjûchyt en Sofar de Naämatyt, komme del om him te treasten. (In fjirden, Elihû de Bûzyt, begjint diel te nimmen oan it petear yn Job 32, mar syn oankomst wurdt net fernijd). De freonen bringe sân dagen lang sittend op 'e grûn troch mei Job sûnder wat te sizzen, mei't se wol sjogge dat er slim ferbûke is en in soad pine hat. Einlings en te'n lêsten ferbrekt Job sels it stilswijen troch de dei te ferflokken dat er berne waard. Dan folget der in frij filosofyske diskusje wêryn't de fjouwer freonen Job derfan besykje te oertsjûgjen dat er better God ferflokke kin, mar dat wegeret er stânheft. Uteinlik mingt God him sels yn it petear en leit Job út hoe'n bytsje oft dy fan 'e wrâld begrypt. De fjouwer freonen wurde troch God it leksum lêzen en dêrnei wurdt Job syn stiiffêst fertrouwen beleanne: God makket dat er genêst en noch mear besit oan fee en rykdommen kriget as foarhinne, en boppedat kriget er sân nije soannen en trije nije dochters, dat hy libbet noch lang en stjert woltefreden op hege jierren.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Job 9:2b-12 út. De earste folsleine útjefte fan Job stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Job waard dêrby dien troch dr. F. Boonstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Jacobus W. Zantema.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further reading, op dizze side. |