Jan Mayen
Jan Mayen is in fulkanysk eilân yn de Noardlike Iissee. It eilân bestiet út twa dielen dy't troch in smelle lântonge ferbûn binne. De Beerenberch is mei gletsjers bedutsen. De fegetaasje wurdt foarme troch toendra-planten.
Geografy en geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan Mayen leit 600 km noardeastlik fan Yslân tusken Grienlân en it noarden fan Noarwegen (71°N / 8°W). It omfiemet 373 km², is 54 kilometer lang en 2,5 oant 15 kilometer breed. Jan Mayen wurdt ynsletten fan de Grienlânsee en yn it súdeasten Noarske See. It heechste punt is de fulkaan Bearenberch op Nord-Jan mei in hichte fan 2277 meter. Súd-Jan is folle smeller en flakker.
De Bearenberch hat iuwenlang slept, mar waard yn 1970 wer aktyf. Doe is it eilân 3 kante kilometer grutter wurden. Yn 1985 folge nochris in útbersting. Dêrnei wiene der inkeld noch rikjende fumarolen. De Bearenberch is de meast noardlik lizzende aktive fulkaan yn de wrâld en teffens de iennichste fulkaan fan Noarwegen.
It eilân hat gjin ûntginbere natuerlike boarnen en wurdt net permanint bewenne. Dêr is in ûnferhurde lâningsbaan fan 1585 meter lang. De 124,1 kilometer lange kustline hat gjin havens, mar wol inkelde gaadlike ankerplakken (at it waar it talit).
Jan Mayen leit op de lytste tektoanyske plaat fan de wrâld en hat earder oan Grienlân fêstsitten.
Bewenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân wurdt bewenne troch it personiel fan in navigaasjestasjon (Loran-C = Long Range Navigation) en fan in waarstasjon. Dan binne der noch in stikmannich hutten dêr't wittenskippers ûnderbrocht wurde kinne. Jan Mayen hat dus feitlik gjin fêste ynwenners, mar hat út reden fan statistyske nammejouwing yn ISO 3166-1 fan Spitsbergen en Jan Mayen hawwe se tegearre ien ccTLD-ynternetdomein-lânkoade (.sj) en datakoade (JN).
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân is fan Noarwegen. Fanwege it grutte belang fan waarrapporten út Jan Mayen foar de waarfoarsizzing yn Noarwegen waard it eiland yn 1922 anneksearre troch Noarwegen. By Keninklik Beslút fan 8 maaie 1929 kaam it ûnder Noarske soevereiniteit en op 27 febrewaris 1930 waard it offisjeel part fan it Keninkryk Noarwegen.
Oant 1994 waard Jan Mayen bestjoerd troch in gûverneur (sysselmann) dy't yn Longyearbyen op Spitsbergen wenne. Augustus 1994 waard de administraasje fan Jan Mayen oerdroegen oan de Fylkesmann fan de Noarske provinsje Nordland.
Untdekking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon histoarisy leauwe dat de Ierske muonts Brandaan, dy't bekend wie as betûft seefarder, op ien fan syn reizen yn de 6e iuw ticht yn de buert fan it eilân west hat. Yn syn ferslach hat er it oer in swart eilân dat yn de brân stie en dêr't in ôfgryslik leven hearske. Hy miende dat er de doar fan de hel fûn hie.
De Wytsingen wurdt fan oannaam dat hja op de hichte fan it bestean fan it eilân wiene. Sy sprieken fan in lân dat hja Svalbarð ("kâlde kust") neamden. Dit wurdt ferhelle yn it midsiuwske Landnámabók; it soe Jan Mayen west hawwe kinne. De ôfstân fan Yslân nei Svalbarð wie twa dagen silen ferhellet it boek en dat komt earder oerien mei de ôfstân Yslân-Jan Mayen as mei dy fan Yslân-Spitsbergen. Wierskynlik is mei it ferlern gean fan de Wytsingkoloanjes op Grienlân de kennis oer Jan Mayen ek wei wurden (14e iuw).
Wierskynlik waard it eilân troch Henry Hudson yn 1607 ûntdutsen by it sykjen nei de noardeastpassaazje nei Ynje, hoewol't syn lochboek it net fernijt. Yn 1614 “ûntdutsen” de Nederlanners Jan Janssoan Kerckhof en Jan Japiks May fan Schellickhout it eilân opnij. It eilân krige doe de namme fan de lêste, Jan Mayen.
Hollânsk walfiskfeartstasjon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hollandske walfiskfarders bouden der yn de 17e iuw ferskate traansiederijen en oare gebouwen. Op it hichtepunt fan de walfiskfangerij wiene der yn de simmer mear as 1000 minsken op it eilân. Der waarden ek fortifikaasjes set om plonderjen foar te kommen. Yn 1633 farde Michiel Adriaenssoan de Ruyter as stjoerman op de “Groene Leeuw” ûnder kapitein Jochem Jansen út Flissingen yn 21 dagen nei it eilân. Der waarden dat seizoen sa'n 25 walfisken fong. De Noardske Kompanjy, yn 1614 oprjochte, besleat om dat jier in groep manlju op it eilân oerwinterje te litten om de delsetting tsjin rivalisearjende walfiskfarders (Basken yn Deenske tsjinst). Sân manlju laat troch kaptein Outger Jacobsz. van Grootebroek bleaune dêr de winter 1633/34, mar hja stoaren allegearre troch skuorbot en ferlijen en gemis. Yn 1930 hat it Nederlânsk regear in tinkstien op Jan Mayen sette litten ta oantins fan de tragyske oerwintering.
De jacht hie fan gefolgen dat de Grienlânske walfisk hast útstoar. De walfiskfangst waard einige tusken 1640 en 1650. It eilân rekke ûnbewenne en waard de neifolgjende 230 jier allinne út en troch besocht troch foarby farrende skippen.
19e en 20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it earste Ynternasjonale Poaljier fan 1882/1883 festige in Eastenryk-Hongaarske ekspedysje him op Jan Mayen, dy't dêr in jier lang wiidweidich ûndersyk die. De kaart dy't doe makke is waard oant de jierren fyftich brûkt.
Begjin 20e iuw kamen der winterdeis Noarske jagers op it eilân. Sy jeije foaral op poalfoksen en sjitte út en troch in iisbear. De foskepopulaasje waard lykwols hurd minder troch te folle jeien; dit en it minne winterske waar makken dat de jacht al yn de tweintiger jierren oerjûn waard.
Noarwegen sette yn 1921 in waarstasjon op it eilân, omdat it waar by Jan Mayen wichtich is foar de waarfoarsizzing yn Noarwegen. It Noarske Meteorologysk Ynstitút aneksearre it eilân foar Noarwegen yn 1922. Wetlik kaam it earst oan it Keninkryk Noarwegen op 27 febrewaris 1930.
It eilân waard net beset yn de Twadde Wrâldkriich. Doe't it Ingelske plan om it waarstasjon te besetten mislearre, waard de brân yn set troch de bemanning en yn 1940 ferliet men it eilân. Dochs kaam men yn 1941 werom, fersterke mei in kontingint Noarske soldaten en it waarstasjon hat dêrnei oant de ein fan de oarloch funksjonearre, nettsjinsteande geregelde loftoanfallen fan de Dútsers. Twa Dútske fleanmasines binne dêr delstoarten.
In fjouwermotorige bommesmieter (Focke Wulf Fw 200 Condor) mei njoggen man fleach yn 1942 yn mistich waar tsjin in berch tichtby it garnizoen. Yn 1950 waard in oar tastel mei fjouwer manlju fûn troch Britske archeologen oan de súdwestkant fan it eilân. De stoflike omskotten binne yn 1959 beïerdige op in oarlochsbegraafplak te Narvik.
Yn 1943 krigen de Feriene Steaten tastimming om in radio-lokaasjestasjon te fêstigjen; it waard oan de noardkant fan it eilân set en waard Atlantic City neamd. Dy syn wichtichste taak wie it lokalisearjen fan geheime Dútske waar- en radiostasjons op Grienlân.