Jean-Yves Lecastel
Jean-Yves Lecastel | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Jean-Yves Le Castel, Jean-Yves LeCastel, J-Y Lecastel, Jocelin Clouseau, Jocelin Eon, Jocelin, Joe Calzone | |
echte namme | Jean-Yves Lecastel | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 8 jannewaris 1965 | |
berteplak | ? (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoakteur, regisseur | |
jierren aktyf | 1992 – 2009 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Jean-Yves Lecastel (8 jannewaris 1965), is in rêstend Frânsk pornografysk akteur en regisseur. Syn namme wurdt soms (mis)stavere as Jean-Yves Le Castel en Jean-Yves LeCastel, en hy hat ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen J-Y Lecastel, Jocelin Clousea, Jocelin Eon, Jocelin en Joe Calzone. Lecastel begûn yn 1992 mei in wurkpaad as pornoakteur, wêrby't er sawol yn 'e Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry aktyf wie. Njonken syn aktearjen regissearre er sels ek frijwat pornofilms. Yn 2009 loek Lecastel him út 'e pornoyndustry werom.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lecastel sette yn 1992 mei syn karriêre as pornoakteur útein, doe't er 27 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat er sûnt yn mear as 520 pornografyske films spile. Dêrby wurke er sawol foar Jeropeeske as Amerikaanske filmstudio's. Diskant de Atlantyske Oseaan wied er fral wurksum foar it Sweedske Private, mar ek wol foar Frânske labels as Vidéo Marc Dorcel en Nanou, de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, en Dútske studio's as Magmafilm en Multi Media Verlag. Yn Amearika spile er benammen yn films fan Evil Angel, mar ek wol yn dy fan labels as Digital Sin, Jules Jordan Video, VCA Pictures, Anabolic Video, Hustler Video, New Sensations, Zero Tolerance, Diabolic Video en Sin City.
De films fan Private dêr't Lecastel yn spile, waarden faker al as net makke troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, mei wa't er letter ek gearwurke doe't dy foar himsels begûn wie mei de studio Woodman Entertainment. Private-films fan Woodman dêr't Lecastel yn te sjen is, binne bygelyks: The Pyramid diel 2 en 3; The Gigolo diel 1 en 2; Tatiana diel 1, 2 en 3; Cape Town diel 1 en 2; en Kruger Park. Yn 2006 wûn er foar syn rol yn 'e film Euro Domination, fan Evil Angel, in Amerikaanske AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).
Under syn lange wurkpaad hat Lecastel gearwurke mei aktrises as: Nikki Anderson, Ania, Anna Maria, Erika Bella, Laura Black, Anita Blond, Blondie, Dolly Buster, Rita Cardinale, Tabatha Cash, Kim Chambers, Julia Chanel, Vivienne Clash, Monique Covét, Ivy Crystal, Carole DuBois, Tricia Devereaux, Helen Duval, Rita Faltoyano, Anita Gyöngy, Simone Horvath, Janet Jacme, Katja Kean, Sally Layd, Kristina Lion, Lovette, Mafalda, Angelica Mirai, MoniKat, China Moon, Demia Moor, Kai Nobel, Peggy Sue, Jennifer Red, Olivia del Rio, Karma Rosenberg, Aliza Rusk, Silvia Saint, Kristina Schwartz, Julia Spain, Amanda Steel, Lara Stevens, Aisha Sun, Agnes Tilli, Julia Tchernei, Coralie Trinh Thi, Vanda Vitus, Cassandra Wilde en Sarah Young.
Njonken syn aktearjen wie Lecastel fan 1997 oant 2007 ek efter de kamera wurksum as regisseur fan 139 pornofilms. Sa regissearre er bygelyks 5 dielen út 'e rige Weltklasse Ärsche, foar Multi Media Verlag, 15 dielen út 'e rige Debauchery, foar Diabolic Video, en 26 dielen út 'e rige Assman, foar Anabolic Video. Mar as regisseur waard er fral bekend mei de 15 dielen fan 'e Matador-searje, dy't er foar Private makke. Yn 2009 loek Lecastel him mei 44 jier út 'e pornoyndustry werom.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar syn optreden yn |
---|---|---|---|---|
2006 | AVN Award | wûn | bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Sandra Romain, Kid Jamaica en Nick Lang) | Euro Domination |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografy en filmografy fan Jean-Yves Lecastel yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografy en filmografy fan Jean-Yves Lecastel yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |