Oleg Antonov
Oleg Antonov | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Oleg Konstantinovitsj Antonov | |
nasjonaliteit | Sovjet | |
berne | 7 febrewaris 1906 | |
berteplak | Troizi | |
stoarn | 4 april 1984 | |
stjerplak | Kiev | |
wurkpaad | ||
berop/amt | yngenieur | |
aktyf as | Fleantúchbouwer | |
jierren aktyf | 1924–1984 | |
reden bekendheid |
Antonov fleantugen | |
bekendste wurk(en) |
Antonov An-225 |
Oleg Konstantinovitsj Antonov (Russysk: Олег Константинович Антонов) (Troizi (by Moskou), 7 febrewaris 1906 - Kiev, 4 april 1984) wie in fleantúchbouwer yn de Sovjet-Uny. Hy wie de earste direkteur fan it Oekraynsk bedriuw Antonov, dat letter nei him ferneamd waard. Antonov hat ûntwerpen fan in tal súksesfolle fleantugen en sweeffleantugen foar sawol boargerlik as militêr gebrûk op syn namme brocht.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Antonov 18 jier wie ûntwurp er syn earste fleantúch, in sweeffleantúch, de Golub. Twa jier letter waard er studint oan it Polytechnysk Ynstitút fan Leningrad dêr't er yn 1930 ôfstudearre. Yn syn stúdzjetiid gie er fierder mei de ûntjouwing en bou fan sweeffleatugen en nei syn ôfstudearjen kaam er yn tsjinst by it sweeffleantúchfabryk Osavaichim yn Moskou. Fan 1933-1938 wie er ûntwerper yn it fabryk yn Tûsjino. Oant de Twadde Wrâldkriich ta ûntwurp Antonov mear as 30 sweeffleantugen. Yn de oarloch wurke er oan militêre tastellen foar de Sovjet-Uny.
Yn 1946 begûn Antonov in eigen bedriuw yn Nowosibirsk, Antonov ASTC, en 1947 produsearre er syn earste fleantúch, de Antonov An-2, in dûbeldekker ornearre foar lânboudoelen. Dat tastel bliek ien fan de meast breed ynsetbere en robúste fleantúchs fan de wrâld te wêzen. Yn 1952 ferhuze it bedriuw nei Kiev yn de Oekraïne dêr't er útein sette mei it ûntwerpen fan in rige fleantugen mei mear as ien motor. Mei de Antonov An-12 wûn er en syn team lang om let de tige begearlike Leninpriis. Antonov lei him spesjaal ta op it ûntjaan fan robúste transportfleantugen dy't gaadlik foar alle waarsomstannichheden en lokaasjes wiene. Yn 1956 ûntfong er foar de twadde kear de Leninpriis, diskear foar de Antonov An-22 dy't by de presintaasje op de Paryske loftfearttentoanstelling it grutste frachtfleantúch fan de wrâld wie. De 6-motoarige Antonov An-124, it grutste massaal makke fleantúch ea, wie in grut súkses en de kroan op de karriêre fan Oleg Konstantinovitsj Antonov. Njonken de Leninprizen krige er by syn libben noch twaris de Oarder fan Lenin en waard er beneamd ta Held fan de Sosjalistyske Revolúsje.
-
АН-2
-
АН-124
-
АН-74
-
АН-225
-
АН-70
-
АН-72 с
-
АН-140
-
АН-148
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- www.antonov.com Webstee fan Antonov ASTC.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oleg Antonov fan Wikimedia Commons. |