Midwolda
Midwolda | ||
Aldamtster pleats oan 'e Menterneweg | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.055 (2023) [1] | |
Oerflak | 4,37 km² wêrfan lân: 4,14 km² wêrfan wetter: 0,23 km² | |
Befolkingsticht. | 470 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 11' N 7° 0' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Midwolda |
Midwolda is in doarp in de Nederlânske gemeente Aldamt yn Grinslân. Midwolda hie yn 2019 2175 ynwenners.
Oant 1990 wie Midwolda in selsstannige gemeente, mar dêrnei waard Midwolda part fan de gemeente Scheemda. Yn 2010 waard it nei in gemeentlike weryndieling part fan de nije gemeente it Aldamt. Yn it âlde gemeentehûs sit sûnt 2005 in Ingelsk teehûs.
Fierder is it doarp bekend om it lânguod Ennemaboarch en de reedridersbaan, dêr't yn strange winters maratons op natoeriis ferriden wurde.
Besuden it doarp leit it Blauwestêd-projekt, in gebiet dat mei opsetsin ûnder wetter set is en dêr't in nije wenmienskip mei 1500 wenten komme moat. Dit plan soe yn 2016 klear west hawwe moatte, mar de ferkeap fan huzen (huzebou) heakket frijwat. Guonts binne anno 2010 fan betinken dat it projekt mislearre is.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Midwolda).
It doarp hat in tsjerke út 1738 mei in ferneamd oargel fan de Dútske oargelbouwer Hinsz. Op it oargel wurde geregeldwei konserten jûn. Foar 1738 stie de tsjerke fan Midwolda benoarden fan it doarp.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sjongster Imca Marina wenne yn Midwolda, dêr't hja as amtner fan de boargerlike stân op har pleats houlikken slette.[2] De boarch wurdt bewenne troch keunstnaresse Maya Wildevuur, dy't dêr ek har galery hat.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De Ennemaboarch
-
Boerepleats Hermans Dijkstra
-
Wapen fan it wetterskip Oldambt mei de eardere krústsjerke fan Midwolda
Berne yn Midwolda
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ton Baas (1946), politikus
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |