Noorderbuurt (Wieringen)
Noarderbuorren (offisjeel: Noorderbuurt) is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân.
De buorskip leit justjes benoarden Westerlân tusken de buorskippen Dam en De Normer yn. Noarderbuorren falt offisjeel ûnder Westerlân. Lykas yn de 19e iuw is Noarderbuorren noch jimmeroan in buorskip mei in pear pleatsen en wenningen.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak hat in oare betsjutting as't liket. Oars as Sânbuorren en Noardbuorren, dêr't buorren "delsetting" betsjut en ôflaat is fan bûr, dat gewoan wenning betsjut, is Noarderbuorren pas letter as fariant op de namme Noardergeast (Noordergeest) ûntstien, dat op de grûn slacht. Lange tiid wie Noardergeast de namme, de betesjutting dêrfan is: "de noardlik heger lizzende sângrûn". Mooglik feroare de namme yn "buorren" nei't der mear bewenning kaam. Yn alle gefallen wie de namme Noorderbuurt al yn 1866 yn gebrûk.