Springe nei ynhâld

Sjadrinsk

Ut Wikipedy
Sjadrinsk
Stedhûs
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast (prov.) Koergan
Sifers
Ynwennertal 74.400 (2021)
Oerflak 171,5 km²
Befolkingstichtens 428,42 ynw./km²
Hichte 80 m (sintrum)
Oar
Stifting Stifting: 1662
Stêd: 1781
Tiidsône UTC +5
Simmertiid gjin simmertiid
Koördinaten 56° 05' N 63° 38' E
Webside shadrinsk-city.ru

Sjadrinsk (Russysk: Ша́дринск) is in stêd yn de oblast Koergan, Ruslân. De stêd leit oan de lofter kant fan de Iset (yn it Ob-bekken), op 146 kilometer noardwestlik fan de oblasthaadstêd Koergan.

Yn 1662 waard it plak as de ostrog Sjadrinski (houten fort) boud ûnder Aleksej I. Eartiids waard dêr ien fan de grutste merken yn de Oeral holden. Sjadrinsk krige yn 1781 de status fan stêd. Fral yn de 19e iuw ûntjoech it plak him as in wichtich sintrum foar it efterlân fan de Oeral fan ambachten, hannel en kultuer.

Tsjin it ein fan de 19e iuw rekke de fleur der wat út; de stêd krige ynearsten gjin oansluting op it spoar en beide takken fan it Trans-Sibearyske spoar (súdlik oer Tsjeljabinsk en noardlik oer Jekaterineburch-Tjûmen) omsilen it plak. Mar yn oktober 1913 krige ek Sjadrinsk in spoarferbining, dy't yn 1933 opwurdearre waard en in direkte oansluting krige op de Trans-Sibearyske ferbining Jekaterineburch-Koergan.

Sjadrinsk is in stedsdistrikt yn de oblast Koergan. Dêrnjonken is it ek it bestjoerlik sintrum foar it Sjadrinski rajon, ek al makket de stêd dêr sels gjin diel fan út.