Palech
Palech | |
---|---|
Loftfoto mei Krúsferheffingstsjerke | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Ivanovo |
Sifers | |
Ynwennertal | 4.610 (2021) |
Oerflak | 5,8 km² |
Befolkingstichtens | 795 ynw./km² |
Hichte | 117 m |
Oar | |
Stifting | 1618 earste fermelding |
Tiidsône | (UTC+3) |
Koördinaten | 56° 48' N 41° 51' E |
Palech (Russysk: Палех) is in plak yn it suden fan de oblast Ivanovo yn it Europeeske diel fan Ruslân. De stêd is it bestjoerlike sintrum fan it rajon mei deselde namme. Palech is ien fan de plakken dy't ta de Gouden Ring fan Ruslân rekkene wurde.
Geografy en ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Palech leit yn it suden fan de oblast Ivanovo, 64 kilometer fan de oblasthaadstêd Ivanovo en 30 kilometer fan de oanbuorjende stêd Sjûja. Palech is it bestjoerssintrum fan it rajon mei deselde namme. Troch it plak rint it rivierke de Palesjka. Oer de strjitwei hat Palech in ferbining mei Ivanovo en Nizjni Novgorod, mar it hat net in eigen spoarferbining. It tichtsbylizzende spoarstasjon is yn Sjûja.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Palech ûntstie neffens de annalen op syn lêst yn de 15e iuw as doarp en bleau dat oant yn de 20 iuw. De namme is fan oarsprong Finsk-ûgrysk, sadat it plak nei alle gedachten al foar de 12e iuw bewenne west hat. Yn de 15e iuw wie it doarp fan in soan fan Ivan de Ferskriklike, tsjin it ein fan dy iuw waard der foar it earst in houten tsjerke boud, de foargonger fan de hjoeddeiske Krúsferhegingstsjerke.
Palech is ferneamd fanwegen it skilderjen fan ikoanen; in tradysje dy't nei alle gedachten al yn de 16e iuw ûntstien is. Yn dy tiid wurken ek in soad betûfte houtfikers en oare hantwurkers yn Palech. Oan it begjin fan de 18e iuw hie it beskilderjen fan ikoanen in eigen lokale styl ûntwikkele, dy't trochbreide op tradysjes fan it âlde foarstendom Sûzdal-Vladimir.
Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 rekke troch de anty-religieuze hâlding fan de kommunisten it skilderjen fan ikoanen yn it neigean en foar in skoft waard it ambacht hielendal net mear útoefene. Yn 1924 ûnstie op inisjatyf fan Ivan Ivanovitsj Golikov in koöperatyf ferbân fan keunstners, dy't harren taleine op it beskilderjen fan hout en lakminiatueren. Dat ambacht bestiet noch altiten, mar nei de fal fan de Sovjet-Uny waard ek de tradysje fan it skilderjen fan ikoanen wer oppakt.
Yn 1947 krige Palech wer de status fan in stêd.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demografyske ûntwikkeling fan Palech fan 1939 oant 2017 | ||||||||||||
Jier | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2017 | 2021 | |||
Befolking | 2.583 | 3.363 | 4.678 | 5.446 | 6.202 | 5.814 | 5.337 | 4.821 | 4.610 |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar Palech is benammen it hantwurk en it toerisme wichtich. Der is in keunstskoalle en der binne meardere skilderateliers. De tekstylfabriken en oare yndustry út de tiid fan de Sovjet-Uny binne sûnt de jierren 1990 bûten bedriuw steld.
-
Kultuerpaleis
-
Elíatsjerke
-
Hûs dêr't Ivan Golikov fan 1929 oant 1927 wurke (no museum)
-
Houten arsjitektuer oan de Bakanova-strjitte
-
Krúsferheffingstsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Palech
|