Willem I fan Hollân
Willem I fan Hollân | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
libben | ||||||||
|
||||||||
houlik 1 | ||||||||
|
||||||||
houlik 2 | ||||||||
|
||||||||
Greve fan Hollân en Seelân | ||||||||
|
||||||||
Hûs Hollân | ||||||||
Willem I fan Hollân (± 1165 - 4 febrewaris 1222), mei as bynamme de gek (wierskynlik fanwege syn fjochtersmentaliteit), wie fan 1203 ôf greve fan Hollân en Seelân.
Hy folge syn broer Durk VII op as greve fan Hollân. Willem waard te hôf brocht yn de Abdij fan Rynsburch. Hy is ferneamd wurden troch syn dielnimmen oan de fiifde krústocht. Willem I wie in jongere soan fan Floaris III en Ada fan Skotlân. Hy hat syn jeugd trochbrocht yn Skotlân.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem I troude yn 1197 yn Starum mei Aleid fan Gelre, dochter fan Otto I fan Gelre. Ut dit houlik waarden fiif bern berne.
- Ricardis,
- Ada fan Rynsburch, dy’t om en de by 1239 abdis fan de abdij Rynsburch wurden is.
- Floaris dy’t him as Floaris IV yn 1222 opfolge,
- Otto III fan Hollân dy’t yn 1234 biskop fan Utert waard,
- Willem.
Syn frou Aleid ferstoar op 12 febrewaris 1218. Willem I naam op dat momint diel oan de fiifde krústocht. Doe’t er werom yn Hollân wie yn 1220 troude hy foar in twadde kear, no mei Maria fan Brabân, de widdo fan keizer Otto IV. Dit twadde houlik is sûnder bern bleaun.
De Bruorrerúzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1189 begelate Willem syn heit dy’t meidie oan de tredde krústocht. Syn heit ferstoar yn 1190 op de krústocht en sels waard Willem op’e weromreis yn Frankryk finzen naam. Hy kaam yn 1191 yn Hollân werom en krige spul mei syn âldere broer Durk VII dy’t syn heit Floaris III as greve fan Hollân opfolge hie. Willem socht dêrom stipe by de opstannige Friezen.
Durk koe op dat momint net fuort út it Greefskip Seelân en stjoerde syn frou Aleid mei in leger nei West-Fryslân. Yn novimber 1195 kaam it ta in slach tusken Aleid en har sweager Willem. Aleid wist it treffen nei har hân te setten troch de lieders fan Niedoarp en Winkel om te keapjen.
Uteinlik waard it skeel tusken de beide bruorren bylein en krige Willem it bestjoer oer it greefskip East-Fryslân. Troch dizze funksje krigen de bruorren al gau wer spul.
Hindrik de Kraan, hear fan De Kúnder, gie op plondertochten yn East-Fryslân. Willem naam wraak en ferneatige de boarch fan De Kúnder. Dizze Hindrik fan De Kúnder wie lienman fan de biskop fan Utert. Durk VII hie fan Hindrik VI yn 1196 it tydlike regear krigen oer it Prinsbisdom Utert. En syn omke Durk I fan Hollân-Utert as Biskop fan Utert oanstelle litten. Durk VII koe net tastean dat syn broer de besittingen fan it bisdom Utert fernielde, en liet Willem troch Hindrik fan De Kúnder gefangen nimme.
Willem koe ûntkomme en flechte nei Otto I fan Gelre. Durk VII wie as hearsker fan it bisdom Utert nammentlik yn konflikt kaam mei Otto fan Gelre omdat dizze it Oersticht bemachtigje woe. Durk VII fersloech Otto yn de Slach by de Grebbeberch
De Loanske oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe’t greve Durk VII yn 1203 ferstoar wie fan syn trije bern allinnich dochter Ada fan Hollân noch yn libben. Willem wie it net iens mei de opfolging fan Ada, dy’t fuortendaliks nei de dea fan har heit troud wie mei Loadewyk II fan Loan. It gefolch wie de Loanske oarloch. Yn it earstoan wie Willem oan de winnende hân mar yn 1204 wist Loadewyk him mei help fan de greve fan Flaanderen en de biskop fan Luik en Utert nei Seelân te ferdriuwen. Fan 1205 ôf wist Willem it greefskip út Seelân wei werom te pakken. Yn 1206 waard de frede tekene en formeel sjoen waard it Greefskip tusken Willem en Loadewyk fan Loan opdield. Willem krige Seelân en de streek om Geertruidenberch, Loadewyk de rest. Mar it like der sterk op dat Willem gewoan troch regearde yn Hollân. Yn 1213 ûntfong hy it Greefskip as rykslien fan keizer Otto IV en hjirnei wie Willem I ek yn namme Greve fan Hollân.
De Fiifde krústocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1216 die Willem I mei oan in Frânske ekspedysje nei Ingelân tsjin Jan sûnder Lân. De Ingelske kening erkende allinnich Loadewyk fan Loan as greve fan Hollân. Ek berikte hy dat Willem I troch de paus yn 1216 ekskommunisearre waard. Om fan dizze ban of te kommen is Willem yn 1217 meigien mei de fiifde krústocht. Troch dizze tocht is hy ferneamd wurden.
Mei syn leger fan Friezen, Hollanners, Siuwen en Flamingen sylde Willem bylâns de Jeropeeske kusten nei it Hillige lân. Troch in stoarm rekken de skippen út koers en de float, dêr’t yntiden ek Ingelske skippen by komd wienen, socht beskûl op in Portegeeske rivier. De Portegeeske Alfons II wist de krúsfarders oer te heljen om him te helpen tsjin de Moarske oerhearsking yn syn lân. Willem I gie op it fersyk yn en farde op 30 july 1217 mei syn float nei Lissabon. De stêd wie 80 jier earder by de Twadde krústocht befrijd, mar de Moaren wienen nea hielendal ferdreaun út Portegal. Nei in heftige striid om Fort Al Kasr en mei de belofte fan Willem I op in frije ôftocht joegen de Moaren har oer op 21 oktober 1217. Bûten de festing stoarte it leger fan Willem I him op de ûnbewapene Moaren en slachte se ôf. As tank joech de Portegeeske kening de krúsridders lân en in soad ridders akseptearren dat. Willem I ferlern sa in grut diel fan syn leger en frege dêrom oan paus Honoarius III om him te ûntheffen fan syn krúsfeart en him ta te stean om de striid yn Portegal fuort te setten. Mar de paus wegere dit fersyk. In grut diel fan de float gie doe op wei nei Akko. Willem sels oerwintere mei de rest fan de float yn Portegal en soe letter folgje.
Yn’e maitiid fan 1218 kaam Willem mei de Friezen, Hollanders en Ingelsen oan yn Akko wêr’t de oare krúsridders har al fersammele hienen. Besluten waard om earst de noard Egyptyske stêd Damiate te oermasterjen, sadat dernei de rest fan it troch de Ayyubiden regearde gebiet soe falle. Op 27 maaie 1218 kamen de krúsridder oan by Damiate, en op 5 novimber 1219 foel de stêd yn hannen fan de krúsfarders. De Egyptyske sultan Al-Kamil stelde dêrnei út om Damiate te ruiljen foar Jeruzalim. De measte krúsridders fûnen dit in goed idee, mar de pauslike gesant Pelagius wegere. Net troch ûnderhannelingen mar troch striid moast Jeruzalim ynnomd wurde. Doe’t Willem I dit hearde hie hy it smoar yn en woe mei syn leger werom nei hús.
Pelagus en in diel fan de krúsridders gienen fierder nei Egypte yn 'e rjochting fan Kaïro, mar sy waarden ferrifele troch de jierlikse oerstreaming fan de Nyl. Harren legerplak feroare yn in eilân en se moasten it krekt oermastere Damiate opjaan yn ruil foar in frije ôftocht.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem I ferliende stedsrjochten oan Geertruidenberch (1213), Middelburch (1217), Dordrecht (1220) en wierskynlik ek oan Leien. Yn syn regear is in grut oantal wichtige wettersteatkundige wurken útfierd, wêrûnder de bediking fan de Hollânske Waard. Hy joech ek in wichtige oanset ta it ûntstean fan de wetterskippen.