Springe nei ynhâld

Tauntaun

Ut Wikipedy
Cosplay fan in tauntaun.

In tauntaun (Ingelske útspr.: [ˈtɔːntɔːn], likernôch: "tôn-tôn") is in fiktive bûtenierdske libbensfoarm út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). It is in grut reptyl fan likernôch 2.50 m heech, dat op twa skonken giet en lânseigen is op 'e iisplaneet Hoth.

Tauntauns hawwe kwa lichemsfoarm wol wat wei fan reuseftige kangoeroes, hoewol't de foarm fan 'e efterpoaten folslein oars is. Se binne oerdutsen mei in tichte wite pels en hawwe in tsjûke ûnderhûdske fetlaach, wêrmei't se goed oanpast binne oan it ekstreem kâlde klimaat op Hoth. Nettsjinsteande dat oerlibje se it net as se de nacht yn 'e iepen loft trochbringe moatte. Tauntauns hawwe omleech wizende hoarnen, fjouwer noasters en in stjonkende lichemsrook, feroarsake troch in oaljige stof dy't ôfjûn wurdt troch har hûd.

De tauntaun is in omnivoar en fret foar it meastepart moas, koarstmoassen en skimmels, dy't op Hoth yn iisgrotten groeie. As iesiters romje se ek kadavers fan lytse kjifdieren op. Har eigen fleis is ûngaadlik foar minsklike konsumpsje, mar se binne de foarnaamste proaisoarte fan 'e wampa, in kâldbloedich sniemeunster dat ek lânseigen is op Hoth.

Yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back hat it Rebelleferbûn op Hoth in geheime basis fêstige. De rebellen brûke nuete tauntauns as ryddieren foar it útfieren fan patrûljes. Yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi hat de gangster Jabba de Hutt njonken de yn karbonyt beferzen Han Solo as jachttrofee in tauntaunkop oan 'e wand hingjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa