Springe nei ynhâld

The Martian (film)

Ut Wikipedy
The Martian
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ridley Scott
produsint Simon Kinberg
Ridley Scott
Michael Schaefer
Aditya Sood
Mark Huffam
senario Drew Goddard
basearre op de roman fan Andy Weir
kamerarezjy Dariusz Wolski
muzyk Harry Gregson-Williams
filmstudio Scott Free Productions
Kinberg Genre
TSG Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Matt Damon
Jessica Chastain
byrollen Jeff Daniels
Kristen Wiig
Chiwetel Ejiofor
Sean Bean
Michael Peña
Kate Mara
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 30 septimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk (ek wat Mandarynsk)
spyltiid 142 minuten
budget en resultaten
budget $108 miljoen
opbringst $630,2 miljoen
prizen 2 × Golden Globes
1 × Hugo Award

The Martian is in Amerikaansk-Britske science fiction-aventoerefilm út 2015 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Jessica Chastain. De titel betsjut "De Marsman". It ferhaal giet oer astronaut Mark Watney, dy't ûnder in romtefeartmisje nei de planeet Mars nei in ûngemak foar dea efterlitten wurdt en dan oardel jier allinnich op Mars sjen moat te oerlibjen. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. The Martian wûn twa Golden Globes (wêrûnder dy foar bêste film) en in Hugo Award, en waard nominearre foar sân Oscars en ferskate oare prizen.

Yn 2035 binne de leden fan 'e Ares III-misje fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA op 'e planeet Mars Acidalia Planitia oan it ferkennen op sol 18 fan harren ekspedysje dy't 31 sols duorret ("sol" is in ôfkoarting fan Martiaanske solêre dei, mei't dagen op Mars krapoan 40 minuten langer binne as op 'e Ierde). As in swiere stofstoarm driget harren Mars Ascent Vehicle (MAV) om te smiten, in raket dy't se nedich hawwe om fan it oerflak fan Mars werom te kearen nei harren romteskip dat yn in baan om 'e planeet rûntsjedraait, wurde se twongen om harren misje foartidich ôf te brekken.

By de evakuaasje wurdt astronaut Mark Watney rekke troch in foarwerp dat troch de wyn meifierd wurdt, en de telemetry dy't trochstjoerd wurdt troch de biomonitor fan syn romtepak hâldt op. De oare leden fan 'e misje, dy't Watney net weromfine kinne mei't it sicht frijwol nul is, nimme oan dat er dea is. Mei't de stoarm almar fierder oanboazet, hawwe se ek gjin tiid om te sykjen as se net op Mars fêst komme wolle te sitten, want de MAV stiet op it punt en wurd omblaasd. De kommandant fan 'e misje, luitenant-kolonel Melissa Lewis, hakt de knoop troch en nimt it beslút om mei de rest fan har ûnderhearrigen fuortendaliks yn 'e MAV werom te kearen nei it romteskip, de Hermes, om oan 'e lange weromreis nei de Ierde te begjinnen.

Nei't de stofstoarm lizzen gien is, wurdt Mark Watney wekker fan in warskôging fan syn romtepak dat er noch mar krap soerstof hat. As er foar it ferstân kriget dat er op Mars efterlitten is, keart er werom nei it habitat dat de misjeleden op it oerflak fan Mars opset hiene. Dêr ferwideret er, troch it dwaan fan selssjirurgy, in fragmint fan wat it dan ek mar wie dat him yn 'e stoarm rekke hat, út syn ûnderbúk. Itselde fragmint hat ek syn biomonitor fernield. Neitiid set er útein mei it byhâlden fan in fideodeiboek. Om't er net oer in foarm fan kommunikaasje mei de Ierde beskikt, is syn iennichste hoop op rêding om te oerlibjen oant de folgjende Marsmisje arrivearret, Ares IV, dy't pland stiet foar oer fjouwer jier. It probleem is dat dy op 3.200 km ôfstân fan Acidalia Planitia lânje sil yn 'e Schiaparelli-krater. Hoe't er dêr komme moat, is ûndúdlik. Dat is lykwols fan letter soarch, mei't er earst mar ris sjen moat dat er sa lang yn libben bliuwe kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It earste probleem dat Watney oerwinne moat, is syn gebrek oan iten. Fanwegen de hastige evakuaasje is der aardich wat iten efterlitten yn it habitat, mar lang net genôch om fjouwer jier fan it libjen. Watney hat it foardiel dat er botanikus is, dat hy makket yn in luchttichte tinte dy't tsjin it habitat oan boud is, in stikje bougrûn oan, besteande út Martiaanske ierde dy't er bedonget mei syn eigen trochgong. Hy produsearret wetter troch wetterstof út 'e efterbleaune raketbrânstof te winnen en ymprovisearret in bereiningsynstallaasje yn 'e tinte. De jirpels dy't bedoeld wiene foar de fiering fan Thanksgiving Day poatet er yn 'e grûn. De iennichste efterbleaune funksjonele rover past er oan yn tarieding op it meitsjen fan langere reizen oer it oerflak fan Mars.

Werom op 'e Ierde hat de NASA yn 'e tuskentiid in begraffenisseremoanje foar de deawaande Watney holden. Pas as satellytplanner Mindy Park satellytfoto's fan it efterbleaune habitat, dy't op ferskillende dagen nommen binne, ferliket en beseft dat de rover ferriden is, kringt by de NASA it besef troch dat Watney noch libbet. Teddy Sanders, de direkteur fan 'e NASA, beslút de ûntdekking iepenbier te meitsjen. Mar hy beslút ek, tsjin it advys fan haadromteferkearslieder Mitch Henderson yn, dat de bemanning fan 'e Hermes net mei it nijs oer Watney ôflaat hoecht te wurden. De Hermes is nammentlik ûnderwilens ûnderweis werom nei de Ierde en de bemanning kin neat oan 'e sitewaasje dwaan. Sanders ornearret dat sinleas selsferwyt harren misje net te'n goede komme sil, wylst Henderson úthâldt dat se it rjocht hawwe om it te witten.

Acidalia Planitia op Mars, it plak fan 'e fiktive Ares III-misje.

Mei de rover tsjocht Watney derop út foar in meardeiske tocht om 'e Mars Pathfinder te finen, in ferkenningskarke dat yn 'e 1990-er jierren nei Mars stjoerd waard en yn 1997 ophold mei it ferstjoeren fan gegevens. Werom by it habitat brûkt er de kamera en de motor fan Pathfinder om in rudimintêre foarm fan twasidige kommunikaasje mei de Ierde op te setten. Dat is mooglik om't de kamera fan Pathfinder, no't de sinnepanielen fan it karke fan stof ûntdien binne, wer fan 'e Ierde ôf bestjoerd wurde kin. Foar de kommunikaasje wurde earst ienfâldige buordsjes brûkt dêr't de draaibere kamera de lins op rjochtet, en letter wurdt der ASCII-koade yn heksadesimalen ferstjoerd. Noch wer letter ferstjoert de NASA in softwarepatch om 'e kompjûter yn 'e rover mei de stjoerder fan 'e Pathfinder te ferbinen, sadat Watney fia it yntypen fan gewoane tekst mei de Ierde kommunisearje kin. As er te hearren kriget dat de oare leden fan syn misje noch net ferteld is dat er noch libbet, kriget er in lytse driftbui dy't Sanders oanset om mei tsjinnichheid Henderson opdracht te jaan en praat de Hermes by oer de stân fan saken. Lewis en de oare bemanningsleden binne fansels skokt as se te hearren krije dat se Watney libben op Mars efterlitten hawwe.

Henderson en direkteur Bruce Ng fan it Jet Propulsion Laboratory (JPL; "Strieloandriuwingslaboratoarium") fan 'e NASA riede in ûnbemanne Iris-romtesonde ta om Watney genôch itensfoarrieden te besoargjen, sadat er it útsjonge kin oant de oankomst fan 'e Ares IV-misje. Mar op in dei slút de luchtslûs fan 'e habitat net goed om't der troch slitaazje in lyts gatsje yn kommen is. Fan gefolgen fynt der in ûntploffing plak as alle lucht yn it habitat op eksplosive wize ûntsnapt. De tinte wurdt oan stikken skuord en de hiele twadde jirpelrispinge friest dea yn 'e kjeld fan 'e ile Martiaanske bûtenlucht. Sanders oarderet dêrop om 'e gebrûklike feilichheidsynspeksjes foar de romtesonde oer te slaan, sadat de sonde earder lansearre wurde kin. Fjirtich sekonden nei de lansearring eksplodearret de sonde lykwols. As Watney dat nijs kriget, beseft er dat neat syn dea op Mars troch ferhongering mear keare kin.

De rûte fan Mark Watney op Mars.

Help komt út in ûnferwachtse hoeke. De China National Space Administration (CNSA), de wjergader fan 'e NASA yn 'e Folksrepublyk Sina, hat yn it djipste geheim in eigen raketsysteem ûntwurpen, de Taiyang Shen. Ut meilibjen mei it lot fan Watney bringe Guo Ming, de direkteur fan 'e CNSA, en syn direkte ûnderhearrige Zhu Tao it bestean fan 'e Taiyang Shen út en biede de NASA oan om 'e raket te brûken foar in nije Iris-misje. Underwilens hat de briljante mar eksintrike jonge astrodynamisist Rich Purnell fan it JPL in alternatyf plan betocht: as de Taiyang Shen ynset wurdt om 'e Hermes te werbefoarriedzjen, kin de Hermes de swiertekrêft fan 'e Ierde brûke om weromslingere te wurden nei Mars mei in folle hegere faasje as oars mooglik wêze soe. Soks soe twa jier fan 'e rêdingsmisje ôf helje kinne. By Mars kin dan itselde dien wurde troch de swiertekrêft fan dy planeet te brûken om it skip wer werom te sjitten nei de Ierde.

Sanders ferwiist it plan nei de foddekoer om't er it fierstente riskant fynt, mar Henderson jout it temûk troch oan 'e bemanning fan 'e Hermes, ek al hat er spesifyk de opdracht krigen dat net te dwaan. As de moard útkomt, ûnthjit er Sanders dat er syn ûntslach yntsjinje sil sadree't de misje ta in goede ein brocht is. Lewis leit de saak oan 'e oare bemanningsleden fan 'e Hermes foar, mei't se fynt dat se sa'n beslút net allinnich nimme kin. Sy en de oaren (Martinez, Johanssen, Beck en Vogel) kieze der unanym foar om harren libbens en karriêres op it spul te setten troch Purcell syn plan yn 'e praktyk te bringen. Mei't de NASA machteleas is om harren tsjin te hâlden, wurdt besletten harren ynstee safolle mooglik te helpen. De Taiyang Shen leveret mei súkses nije foarrieden ôf by de Hermes, dy't in heale baan om 'e Ierde makket en dêrby de swiertekrêft fan 'e Ierde brûkt om feart te meitsjen ear't er fuortsketten wurdt yn 'e rjochting fan Mars.

As de Hermes neieroan komt ta Mars, set de op rantsoenen libjende en dêrtroch sterk fermeagere Watney ôf op in reis fan njoggentich sols nei de Schiaparelli-krater, dêr't de MAV foar de Ares IV-misje al yn 't foar opsteld is. Fanwegen de faasje fan 'e Hermes moat er de raket lykwols lichter meitsje om by it romteskip komme te kinnen. Frijwol alles moat út 'e MAV stript wurde, oant de noaspunt ta, dy't ferfongen wurdt troch in stik kanvas fan it habitat; de luchtwjerstân op Mars is sa leech dat it dêr wol mei takin.

De MAV blykt lykwols noch altyd net de nedige faasje meitsje te kinnen. Dêrom lit Lewis de Hermes in koerskorreksje meitsje, wêrby't alle reservebrânstof opbrûkt wurdt. As dat net genôch helpt, jout se opdracht ta in eksplosive dekompresje fan 'e ynterne atmosfear fan it skip, dy't soarget foar in fierdere koerskorreksje. Op it lêst giet se der sels op út mei in mei it skip ferbûne Manned Maneuvering Unit (in jetpack foar yn 'e romte), mar se kin Watney noch altyd net alhiel berikke. Dêrop stekt hy de want fan syn romtepak leech en brûkt de ûntsnappende lucht as oandriuwing om himsels nei har ta te bewegen. Sa wurdt er nei 560 sols allinnich op Mars weriene mei de oare leden fan syn misje.

Yn in epilooch is te sjen hoe't fiif jier letter, as de Ares V-misje nei Mars lansearre wurdt, alle belutsenen fierder gien binne mei harren libbens. Watney hat nei syn weromkear op 'e Ierde by de NASA de funksje krigen fan oerlibbingsynstrukteur foar oankommende astronauten. Lewis en Vogel binne weriene mei harren gesinnen. Johanssen en Beck begjinne tegearre in gesin. En Martinez keart as lid fan Ares V jitris werom nei Mars.

Matt Damon.
Jessica Chastain.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Mark Watney Matt Damon
luitenant-kolonel Melissa Lewis Jessica Chastain


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Teddy Sanders Jeff Daniels
Annie Montrose Kristen Wiig
Vincent Kapoor Chiwetel Ejiofor
Mitch Henderson Sean Bean
majoar Rick Martinez Michael Peña
Beth Johanssen Kate Mara
dr. Chris Beck Sebastian Stan
dr. Alex Vogel Aksel Hennie
Mindy Park Mackenzie Davis
Rich Purnell Donald Glover
Bruce Ng Benedict Wong
Guo Ming Eddy Ko
Zhu Tao Chen Shu
Tim Grimes Nick Mohammed

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preproduksje fan The Martian begûn fuort nei't de Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox yn maart 2013 de filmrjochten kocht op 'e roman The Martian fan auteur Andy Weir út 2011. Drew Goddard skreau op basis fan dat boek in senario en soe oarspronklik ek de regisseur wurde, mar de produksje rûn fêst oant Matt Damon yn 'e titelrol cast waard en Goddard as regisseur ferfongen waard troch Ridley Scott. Dyselde hie syn reputaasje fêstige mei films as Alien, Blade Runner, Legend, Thelma and Louise, Gladiator en Black Hawk Down.

Regisseur Ridley Scott.

As produsinten wiene by de film Scott sels, Simon Kinberg, Michael Schaefer, Aditya Sood en Mark Huffam belutsen foar de filmstudio's Scott Free Productions, Kinberg Genre en TSG Entertainment. The Martian wie in Amerikaansk-Britske ko-produksje dêr't in budget fan $108 miljoen foar beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dariusz Wolski, de filmmontaazje waard dien troch Pietro Scalia, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Harry Gregson-Williams. De opnamen, dy't likernôch 70 dagen duorren, setten op 24 novimber 2014 útein yn 'e Korda Studio's yn Etyek, deunby de Hongaarske haadstêd Boedapest, om't dy de grutste soundstages fan 'e wrâld omfetten. Wadi Rum yn Jordaanje figurearre yn The Martian as it dekôr foar de bûtendoarsênes op Mars.

De distribúsje fan The Martian waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard op 11 septimber 2015 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Hy iepene dêrnei op 30 septimber 2015 yn 'e Britske en op 2 oktober yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 12 jannewaris 2016 ferskynde The Martian op dvd en blu-ray.

Wadi Rum, yn Jordaanje, figurearre yn The Martian as dekôr foar de bûtendoarsênes op Mars.

The Martian krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film ûntfong fral lof foar de special effects, de soundtrack, de hege graad fan wittenskiplike akkuratens, it senario en de ynnimlikens, dy't foar it meastepart op it konto kaam fan 'e aktearprestaasje fan haadrolspiler Matt Damon. Sa omskreau Brent Lang de film yn it tydskrift Variety as "in grappige, spannende rit en in weromkear foar Scott" nei de flops fan The Counselor en Exodus: Gods and Kings. Yn The New York Times skreau Manohla Dargis dat de film "giet oer in twafâld reis nei de bûtenste en de binnenste romte, in útstapke dat jo meinimt nei dy ûnbidigens dy't it hielal hjit en djip nei binnen yn it like útstrutsen lânskip fan in inkel bewustwêzen." En Lou Lumenick fan 'e New York Post omskreau de film as in "rjochtút-rjochtoan en spannend oerlibbings-en-rêdingsaventoer, sûnder alle metafysyske en emosjonele tierelantyntsjes fan [bgl.] Interstellar." Hy beskôge The Martian as de bêste film dy't Scott en Damon ea makke hiene.

Net eltsenien rûn lykwols mei The Martian fuort. Jaime N. Christley, dy't foar Slant Magazine skreau, murk op: "[De film] stipet swier op it idee fan gefoel, tiks en minsklik hâlden en dragen, mar der is gjin oertsjûging [yn it aktearjen]. […] [De film] liket mar kwealk ynteressearre te wêzen yn syn personaazjes." Yn 'e krante The Village Voice stelde Stephanie Zacharek dat de akteurs "behannele wurde as assessoires" en dat regisseur Scott "ambachtlik te wurk giet yn syn behanneling fan 'e wittenskip, dy't it yn The Martian altyd wint fan magy – dat is wêr't de film om draait. Mar as we gjin gefoel fan ferwûndering fiele meie oer de grutte en it mystearje fan 'e romte, wat hat sa'n film dan foar sin?" J. Olson fan Cinemixtape hie alhiel neat mei The Martian op. Hy skreau: "Ridley Scott-en-dy hawwe de alderkolossaalst midsmjittige science fiction-film fan it desennium broud […]". Dêr heakke er oan ta: "Net allinnich heart The Martian net ta deselde klasse as Scott syn beide masterwerken Alien en Blade Runner, mar dizze film befynt him net iens op itselde wrâlddiel."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Martian in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 335 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is fernimstich, spannend en ferrassend grappich, en biedt in betroubere adaptaasje fan 'e bestseller, dy't it bêste nei boppen hellet yn haadrolspiler Matt Damon en regisseur Ridley Scott." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Martian in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 46 resinsjes. It Amerikaansk Filmynstitút (AFI) selektearre The Martian as ien fan 'e tsien bêste films fan 2015.

Wittenskiplike akkuratens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat de wittenskiplike akkuratens fan The Martian oanbelanget, skreau romtefeartyngenieur Robert Zubrin yn in artikel yn 'e Britske krante The Guardian: "It is de earste film dy't besiket om reälistysk te wêzen en dy't wier giet oer minsken dy't wrakselje mei de swierrichheden fan 'e ferkenning fan Mars, yn tsjinstelling ta it ferskaat oan films dat spilet op Mars mar dat eins pyf-paf-poeffilms of horrorfilms binne. The Martian makket gjin gebrûk fan fantasy: gjin meunsters, gjin magy, gjin nazys. Der sitte lykwols in stikmannich technyske flaters yn."

Haadrolspiler Matt Damon mei syn oarehelte Luciana Bozán yn 2015 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto.

The Martian brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $228,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $401,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $630,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $108 miljoen betsjut dat in winst fan $522,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Martian de op njoggen nei meast opbringende film fan 2015. De skjinne winst fan 'e film waard troch Deadline Hollywood berekkene op $150,3 miljoen.

Yn 2016 waard The Martian nominearre foar sân Oscars, û.m. yn 'e kategoryen bêste film, bêste akteur (Matt Damon) en bêste adaptearre senario (Drew Goddard), mar wûn gjinien fan 'e prizen. De film waard ek nominearre foar trije Golden Globes, wêrûnder yn 'e kategory bêste regisseur (Ridley Scott). The Martian wûn de Golden Globe foar Bêste Film (Musical of Komeedzje) en Damon wûn de Golden Globe foar bêste akteur yn in musicalfilm of komeedzjefilm. Ek wûn de film de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje. By de Satellite Awards waard The Martian yn acht kategoryen nominearre, û.m. foar bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Damon), bêste adaptearre senario en bêste special effects. Matt Damon waard foar syn rol ek nominearre foar de BAFTA en de Critics' Choice Award foar bêste akteur.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.